CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspraakreactie mevrouw Dotinga-van der Veen

Informatiecarrousel 12 december 2024, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Pilot opstapplaatsen leerlingenvervoer646 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Achte riedsleden, Ik bin Maaike Dotinga. Ik stean hjir as in hiel belutsen ynwenner, mem fan 4 bern en 4 skoanbern, beppe fan 13 bernsbern. Us dochter Margryt, hat tegearre mei har man in gesinshûs , dat betsjut dat sy sels 4 bern ha en 6 pleechbern. Fan dizze yn totaal 10 bern geane der 4 nei it spesjaal ûnderwiis. Ek bin ik in kear mei west as begelieder yn in taksjebuske mei sa n 4 of 5 bern. Dan no myn bydrage: Op it leste moment (26-11) wie der in gearkomste belein foar in ynformaasje jûn troch Jobinder, mei sear sumiere ynformaasje yn de útnoeging oer hoe en wat. As men witten hie wat Jobinder fan plan wie, dan wiene grif de measte âlders der by west. In pilot begjinne mei dizze sear kwetsbare groep bern, is not done trouwens. Lukraak 100 kwetsbare bern hjirfoar yn oanmerking komme te litten troch Jobinder getúgd fan gjin inkeld begrip foar de problematyk fan dizze kwetsbare bern. Dizze pilot soe al yngean moatte op 6 januari 2025. It liket hast wol opset sin fan Jobinder om dit der gewoan troch te drukken. De âlders, sjauffeurs, voogden skoallen en wa dan ek mar ha net iens tyd om ta in bettere oplossing te kommen. Foaral net yn de desimbermoanne. Hja binne hielendal bûtenspul hâlden. Men wol mei sa’n 100 kwetsbare bern in pilot starte troch harren yn midi buskes te ferfieren, mei 1 begeleider per bus.

De bern moatte dan ergens yn’t doarp ynstappe en komme dan dus mei sa’n 20 oant 25 bern yn 1 bus. Foar in enkel bern sil dit wol goedkomme mar foar de measte bern net. By de gemeentes hat men de mûle fol hat fan prefinsje. Previnsje begjit hjiral. Ik snap net dat dhr Maasbommel mei dizze pilot komt foar dizze kwetsbare bern. Foar ien dy t yn it ûnderwiis sitten hat fyn ik dit in ûnbegryplijke redenaasje. Jo wolle net witte wat der soms yn dizze buskes bart, troch dizze maatregel kin dizze bern thús onhandelbaar wurde, yn sommige gefallen net iens mear nei skoalle kin mei alle gefolgen fandien. Wat komt der letter fan harren te lâne?. Dizze kwetsbare groep bern ha just rust, regelmaat en orde nedich. Sa min mooglik prikkels en deselde gesichten. Ik ha 1 beppesizzer hân dy wie yn in lyts buske net te handhaven. Hy terroriseerde de hiele bus. Hy moast eins de gordel op slot ha! Alders freegje om as begelieder mei te gean is yn de measte gefallen net helber: de measte âlders ha meardere bern, dy soenen dan moarns betyd nei it 1ste opstapplak moatte, dan moatte dy oare bern ek mei en dat kin dan ek wer net want dy moatte ek nei skoalle. Dat is dus gjin oplossing. Trouwens dizze kwetsbare bern moatte fêste gesichten ha. Ik ha 1 kear meiwest om te sjen as it wat foar my wêze koe, mar echt jo moatte fan goeie huize komme as jo dit wurk dwaan wolle. It is trouens in

wûnder dat der net mear ûngelokken barre by taksjes wêr t gjin begelieder by is. Fierders seit Jobinder dat in tekoart oan sjauffeurs en buskes hun hjirta bringt. Mar de wiere oarsaak sit em yn it systeem fan oanbesteegjen. Dat kinne wy hearre fan Lobke Vlaming direkteur fan de lânlike stifting Ouders & Onderwijs, sy reagearret hiel kritisch en besoarchd. LC 5-12 Ek advisearret sy dat der in pedagoog yn de bus sitte moat, want it giet best faak mis. Dat laat ta pesten, skelden en somtiden ta fysiek geweld. Hiel heftig. No ik sil ôfronde: Gemeenterie rop jim kolleezje mei klam op om dizze pilot sowieso net per 6 januari te starten mar de tyd te nimmen om meiinoar, ek mei de âlders ta in oare, bettere oplossing te kommen, yn it belang foar dizze sear kwetsbare bern!

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=6ee80f73-e1f3-4863-bcfb-d6451e31b50a