CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspraakreactie dhr. Postma over Frysk yn it ferkear

Raadsvergadering 14 juli 2022, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Kadernota 2023 – 2026241 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Bûtenpost 14 july 2022 It sil eltsenien wol oanwolle, dat ús doarpen Fryske nammen hiene en wy hawwe se nòch, yn it deistch praat en yn 'e hûs en op 'e dyk en yn gearkomsten.... Op in stuit kamen der Hollânske doarpsnammen op 'e kombuorden. Dêr kamen letter de Fryske nammen by. Wy libje no ek al wer jierren yn de tiid, dat Fryske nammen 'moade' binne en dat wy wol sûnder de Hollânske nammen op 'e kombuorden kinne. Autoriders en fytsers kinne har yn foar har frjemde lannen skoan rêde mei ientalige kombuorden yn foar har frjemde talen, dus ek as Frysk dy frjemde taal wêze soe. (q.e.d.) De hiele wrâld oer binne der mear as 4500 lytse talen dy't meiïnoar in grutte bydrage leverje oan de wrâldkultuer. Uzes is ien fan dy lytse talen, fan Jeropeeske minderheidstalen dy't ek subsydiearre wurde. Jeropeesk jild foar theatergroep Tryater (LC, 23 juny) Rûnom stipe foar ús taal, út Brussel yn Jerope en minister yn de Haach en CDA en VVD yn de Keamer en it Twiebaksmerk-Kolleezje yn Ljouwert. It eareplak yn dat rychje is noch leech. Dat is rjocht te breidzjen mei in plaknammebeslút lyk as dat fan Noardeast-Fryslân. Dêrmei draacht jo rie by oan in sterkere sichtberens fan Fryske doarpsnammen op 'e kombuorden, dat is, fan it Frysk, sa't CDA en VVD yn de Hofstêd woene. B.J.Postma, Nijlân 73, JM 9036, Menaam.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=f9bfde9e-96ea-4980-8a3b-aef5385a9512