CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

Inspraakreactie de heer Van der Wal

Informatiecarrousel 12 december 2024, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Pilot opstapplaatsen leerlingenvervoer574 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Reaksje op pilot taksy ferfier Jobinder. Achte Kolleezje en Rie fan Achtkarspelen. Ik woe as belutsene alder hjir fan e jun, oer de pilot fan Jobinder ek graach wat sizze. Ik ha 2 lytse jonkjes fan 6 en 8 jier áld die nei it spesjaal underwiis yn Drachten geane. Hja geane nei de skoalle Kleurryk, in hiele moaie skoalle mei goed en aardich personiel. Myn bern fiele harren der thus. It hiele ferhaal (de pilot dus) hat us freeslik oerfallen. De kommunikaasje wie sis mar poermin. Wy krigen in brief mei wat Jobinder wat plan is yn it nije jier mei harren pilot. Dizze brief krigen wy mar in pear dagen, foar dat der al in infojun wie, oan de alders hjir in Butenpost. Dy brief hie fansels in soad hjerder komme moatten, want no wie it mar krekt, wa wol óf wa net op dizze jun komme koe. Op syn minst 1 wike fan te foarren, sadat men der rekkening mei hálde koe mei dizze ynfo jun. Enfin myn 2 bern binne dus ek utkeazen om oan dizze pilot mei te dwaan. No wurde hja elke moanne netsjes ophelle, yn in lyts buske mei 4 bern dêryn (soms 5), troch in hiel aardige bus-sjauffeuse. Dat giet hiel goed en myn bern binne dat no goed went. Hja sitte net foar neat op it spesjale underwiis, want se harre beiden yndikaasje autisme. Dus hja binne fluch prikkelt en kinne dan hiel drok wurde as alles hiel oars giet.

Ik soe it in minne saak fiene as myn bern yn in mini touringcar, mei moat nei harren skoalle ta. Hja binne der echt net geskikt foar. Hja binne dan hiel fiuch oerprikkelt en begjinne dan poermin oan de skoalledei.

Ek de direkteur fan Kleurryk seit dat dit net sa kin, ik ha har sels belle en frege hjiroer. En by us giet it no hiel goed, werom moatte wy dan feroarje om't der nije bern bykomme tink ik dan wol es. Maatwurk wurdt der levere seit Jobinder. Dat is dus wier flauwekul. Yn Drachten gean no aanst 4 ferskillende skoallen yn it nije jier mei-inoar fierder yn in gloednij skoallegebou. De coordinator fan Jobinder dhr. Paul Maasbommel hat sels tajun yn in rjochtstreeks telefoan petear mei him, dat dit gewoan in kans wie foar Jobinder om no in grutte groep bern by elkoar te plakken yn in bus. Neat gjin maatwurk dus. Dizze kans die him foar, dus dat is de undergrun foar dizze pilot. Hy sei ek dat as dizze skoallen net mei-inoar geane wienen, dan hie dizze pilot dus ek net kinnen. Maatwurk is as men in heal jier fan te foarren de alders ynijochtsje en dan eitse skoalle freegje hokker bern gaadlik binne foar sán pilotbus en hokker bern perfoast net. Dat is net bart Rie fan Achtkarspelen. Ek is hjir totaal gjin draachflak by de alders fan de bern foar dizze pilot. Dus poerminne kommunikaasje, gjin draachflak en gjin maatwurk. Mar der is noch in ljochtpuntsje: coordinator Paul Maasbommel hat yn in krante-interview sein dat der gjin alder twongen wurde sit. Der háld ik him dan mar oan, ta oansjen fan myn bern.

Ik soe sizze: fluch wat ekstra sjauffeurs probearje te krijen (dan mar yts mear betelje oan harren en buskes binne wol genóch tydlik te hieren). En dus myn adfys: stopje mei dizze pilot. Tank foar jimme oandacht. Rein van der Wal ut Surhusterfean.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=ddb97f62-8414-447c-803e-5c3bd4c67dde