Fragen FNP - Posysje Holwert oan See
Tekst van het document
Fragen foar it fragehealoerke fan 28 novimber 2024
Underwerp: Posysje Holwert oan See
Achte kolleezje, Foarsitter, de fraksje fan de FNP Achtkarspelen hat in skoftsje ferlyn mûnlinge fragen steld oer de regiodealjilden dy’t takend wienen oan it projekt Holwert oan See. Doedestiids hawwe we sein dat wat de FNP Achtkarspelen oanbelanget dizze jilden werom moasten nei de regio Achtkarspelen, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân en de gemeente Tytsjerksteradiel, de 4 ANNO-gemeenten. Juster, 27 novimber 2024, hawwe Provinsjale Steaten it beslút nommen om op te hâlden mei it projekt Holwert oan See en de jilden beskikber te hâlden foar de 4 ANNOgemeenten. Dêrmei is it ferhaal Holwert oan See neffens ús út. Foarsitter, de FNP Achtkarspelen hat hjiroer in tal fragen: 1.
Bestiet it projekt Holwert oan See noch foar it kolleezje fan Achtkarspelen?
2.
Op 11 desimber is der in oerlis mei de ANNO-partners, de stifting Holwert oan See, de Provinsje en it Ryk. Fynt ús kolleezje ek dat de stifting gjin posysje mear hat binnen dat oerlis sjoen it unanime beslút om op te hâlden mei Holwert oan See yn de stjoergroep fan 12 juny 2024, mei ek de ynstimming fan de stifting?
3.
Juster ha Provinsjale Steaten ek it beslút nommen dat de stifting Holwert oan See gjin preferinte posysje mear hat by in mooglik ferfolch. Stipet ús kolleezje dy koers? En foarsitter, dan noch in lêste fraach:
4.
Hawwe we hjir yn dit hûs al ideeën wat we eventueel mei de jilden út de regiodeal dwaan kinne?
Út namme fan de FNP-fraksje, Wopke Veenstra