CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

Fragen FNP oer wet- en regeljouwing ferbrânen snoeiôffal nei 1 jannewaris 2027

Raadsvergadering Beslút 8 oktober 2026, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Vragenhalfuur216 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragehealoerke fan 8 oktober 2026 Underwerp: wet- en regeljouwing ferbrânen snoeiôffal nei 1 jannewaris 2027 Foarsitter, De FNP hat op 8 desimber 2025 fragen stelt oer it ferbrânen fan snoeiôffal dat frijkomt by lânskipsbehear yn de gemeente Achtkarspelen. Op dizze fragen binne op 6 jannewaris 2026 antwurden kommen. Destiids is der sein dat der oan de besteande wet- en rigeljouwing oant 1 jannewaris 2027 neat feroaret. Op dit stuit begjinne de earste lânskipsbehearders al wer mei ûnderhald en de einkap fan harren elzesingels en dykswallen. De fraksje fan de FNP hat hjiroer it tal fragen: 1. Wat is der op dit stuit bekend oer it trochsetten fan de besteande wet- en regeljouwing oangeande it ferbrânen fan snoeiôffal? 2. Yn de beäntwurding fan de doedestiids stelde fragen waard sein dat der in ûnders yk dien wurde soe oer de effekten fan it ferbrânen en it fersnipperjen fan snoeiôffal. Dit ûndersyk soe dien wurde troch in ekstern ûndersyksburo. Is der al mear bekend oer de útkomsten fan dit ûndersyk, en kin it kolleezje de ried hjirfan op de hichte bringe? 3. Kin en wol it kolleezje sekerheid jaan oan ús lânskipsbehearders yn de gemeente Achtkarspelen dat der nei 1 jannewarris 2027 it besteande belied trochsetten wurde kin? Út namme fan de FNP-fraksje, Wopke Veenstra

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://achtkarspelen.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/f976711c-09a2-4c78-994e-2378d5228fed?agendaItemId=b49c827c-6e67-46b2-a7a2-59c66f190ae5