Fragen FNP oer Nije Wet Ynboargering
Tekst van het document
Fragen foar it fragehealoerke fan 3 juny 2021
Underwerp: Nije Wet Ynboargering Foarsitter, Op 2 july 2020 waard de moasje Nije Wet Ynboargering fan de FNP oannaam yn dizze ried. Yn dizze moasje stiet it folgjende:
Aktyf Frysk taalûnderwiis oan te bieden oan (bern) statushâlders en oarstalige (bern) ynwenners. Sadat de Fryske taal yn elk gefal ferstien wurdt. Der foar te soargjen dat by de begelieding fan de kandidaten de needsaak en foardielen fan de Fryske taal yn ús mienskip, dúdlik oanjûn wurdt.
Op 18 febrewaris 2021 giet it brief fan de gemeente, ûndertekene troch ús boargemaster en sekretaris de doar út rjochting de ferskate Ministearjes yn De Haach. Mei it fersyk, om it mooglik te meitsjen om de middels foar ynboargeringfoarsjennings ek yn te setten foar Frysk taalûnderwiis. Op 15 april 2021 krije we it antwurd út De Haach. NEE. De minsken moatte allinnich it Nederlânsk leare en neffens it brief geane de measte minsken dochs wer út Fryslân wei. Deputearre Poepjes, Mirka Antolovich fan anty-diskriminaasje buro Tûmba, de Jongfryske Mienskip, allegearre stipen se de gemeente Achtkarspelen en fûnen se it antwurd út De Haach op fleanen lykjen. It makket lykwols noch mear dúdlik dat de Nederlânske Steat net al te folle mei de Fryske taal en kultuer hat. Healwei maaie krige de gemeente in fear yn de broek fan de Ried fan de Fryske Beweging foar it Frysk taalbelied yn ús gemeente. Wethâlder Max de Haan stiet hjir û.o. by de nije Frysktalige buorden by de yngongen fan it gemeentehûs. Nei de Fryske pleinnammen op it Surhústerfean en de Fryske buorskipbuorden wie dit alwer in boppeslach fan ús wethâlder foar de Fryske taal. En dan wethâlder Spoelstra dy’t him fûleindich ynset om it Frysk ûnderwiis yn ús gemeente op it A profyl te krijen. It kin net op.
Mar dan in fraachpetear yn de LC fan 27 maaie 2021 Wethouder Margreet Jonker van Achtkarspelen “is blij” met de steun voor het initiatief om inburgeraars Friese les te geven. Het gaat de gemeente overigens niet om een volwaardige cursus Fries, zo zegt Jonker. ,,It is foar statushâlders ûnmooglik om twa nije talen te learen.’’ Maar als ze in bijvoorbeeld Twijzel of Twijzelerheide wonen, is het wel nuttig dat ze weten dat er twee talen zijn, aldus de wethouder. Een eerste kennismaking met de taal en de cultuur in Friesland, dat heeft de gemeente voor ogen. ,,Ek al sprekke je mar twa wurden Frysk, dêrmei kinne je it iis al moai brekke.’’ Jonker kan het weten, want hoewel ze zich absoluut niet met een vluchteling wil vergelijken, heeft ze als Hollandse het Fries ook pas geleerd toen ze twintig jaar geleden in de provincie kwam wonen.
Sjoen it boppesteande hat de FNP de folgjende fragen: De moasje Aktyf Frysk taalûnderwiis oan te bieden oan (bern) statushâlders en oarstalige (bern) ynwenners, sadat de Fryske taal yn elk gefal ferstien wurdt. 1. 2.
Is wethâlder Jonker de moasje net dúdlik? Hoe kin der sa’n ferskil wêze mei it brief, dy’t nei De Haach gien is en de opmerkings: ek al sprekke je mar twa wurden Frysk en een eerste kennismaking met de Friese taal en cultuur? 3. Binne de Fryske bern en folwoeksenen no sa yntelligint? De measten kinne 3, 4 as 5 talen, wêrom kinne oare minsken dit neffens De Haach en wethâlder Jonker net? 4. Wat is de ûnderbouwing fan wethâlder Jonker, dat it net mooglik is om twa talen te learen? 5. Is wethâlder Jonker it mei ús iens dat dit yn striid is mei ús fêststelde taalbelied? 6. Is wethâlder Jonker it mei ús iens it dat dit soarte opmerkings it Frysk net foarút helpe en it stribjen fan ús ried op efterstân set? 7. Kin wethâlder Jonker ús tasizze dat it Frysk foar de oarstaligen yn ús gemeente op nivo oanbean wurde sil? 8. Yn it referinsjeramt Frysk stiet dúdlik beskreaun wat de nivo’s binne, is dit ramt bekend? 9. Sa ja, is dit brûkt? Sa nee, sil dit brûkt wurde? 10. Wat sille de ferfolchaksjes rjochting De Haach wurde rjochting demisjonêr Minister Koolmees, om de twadde rykstaal, nei nivo wol oan te bieden? Ut namme fan de FNP Achtkarspelen, Tjibbe Brinkman