CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

Fragen FNP - Haitsma dreigt met vertrek - toekomst brug Koatstertille te onzeker

Raadsvergadering 3 maart 2022, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: 0. Vragenhalfuur382 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragehealoerke 3 maart 2022

Underwerp:

Haitsma dreigt met vertrek: toekomst brug Koatstertille te onzeker (LC 9 febrewaris 2022)

De direkteur fan Haitsma, dhr. Comello, hat by de Provinsjale Beswierenkommisje oanjûn, dat as fersterking fan de brêge by Koatstertille net gau oppakt wurdt, it bedriuw wolris fuort gean kin út Koatstertille! Wy hawwe as FNP-fraksje dan ek de neikommende fragen oan it kolleezje: 1. Wie der ek in ôffurdiging fan it kolleezje by de sitting fan de Beswierekommisje? 2. Sa’t it liket kin it noch wol sa'n 6 jier duorje foardat de brêge echt oanpakt wurdt. Hokker aksje ûndernimt it kolleezje by de Provinsjale oerheid en de Ryksoerheid om in goede fersterking fan de brêge nei foaren te heljen? 3. Is it kolleezje ek mei Haitsma yn petear om mei-inoar eielkoar te kommen ta in oplossing fan dizze problematyk? 4. Dhr. Comello hat ideeën oanbrocht om ta in tydlike oplossing te kommen. Wat is dêr mei dien? 5. Is it kolleezje it mei ús fraksje iens dat alle war dien wurde moat om dit bedriuw hjir foar de wurkgelegenheid te behâlden? 6. Wy hawwe der by eardere fragen by it kolleezje op oantrune om de bedriuwen en it doarp Koatstertille op de hichte te hâlden fan de problematyk mei de brêge. Hoe is dêr gefolch oanjûn? 7.

Hokker aksje(s) hat it kolleezje, sa mooglik ek tegearre mei Tytsjerksteradiel ûndernaam nei de Provinsjale oerheid en de Ryksoerheid ta om te kommen ta in oplossing? Benammen omdat de brêge by Skûlenboarch ek sa mar útfalle kin en net wer reparearre wurde kin, mei alle gefolgen foar ferskate bedriuwen yn beide gemeenten. 8. Kin it kolleezje tasizze foarsafier’t dat noch net bard is, dat hja aksje ûndernimme sil rjochting de Provinsjale oerheid en de Ryksoerheid en dêrby te easkjen sa gau mooglik mei in (tydlike) oplossing te kommen? 9. Is it kolleezje it mei ús iens dat it hjir mei de brêge net om gewoane regulier te ferwachtsjen ûnderhâldswurksumheden giet en yn dat gefal de Ryksoerheid de beurs lûke moat foar de (omryd)skea, dy’t de bedriuwen lykas Haitsma dêrtroch ha? 10. Kin it kolleezje ús tasizze dat dit as eask ynbrocht wurde sil by Provinsje en Ryk? Ut namme fan de FNP-fraksje Achtkarspelen,

Sake van der Meer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=5a8dd558-4680-4302-a34f-746d6559506d