Fragen FNP - Bûtenbrân op it bedriuweterrein oan de Westkern yn Koatstertille
Tekst van het document
Fragehealoerke 3 maart 2022
Underwerp:
bûtenbrân op it bedriuwenterrein oan de Westkern yn Koatstertille.
Op snein 13 febrewarsi wie der in melding fan in bûtenbrân op it bedriuweterrein oan de Westkern yn Koatstertille. Yn it nijs stie yn in artikel nei oanlieding fan dizze brân: "Brânwacht stiet foar sletten hek by bûtenbrân"
Wy hawwe as FNP-fraksje de neikommende fragen oer dizze brân: 1. Is dizze brân bekend by it kolleezje? 2. Is it sa as yn it nijs stiet dat it hek fan it terrein dêr't de brân plakfûn, net iepene waard foar de brânwacht, en it terrein net tagonklik makke waard? 3. Kloppet it dat de brânwacht fuortstjoerd is omdat harren komst net winske wie en dêrom weromgongen is nei de kazerne? 4. Wat hat der plakfûn dat op in letter momint de brânwacht wol talitten is? 5. De brân soarge langere tiid foar stankoerlêst yn it doarp. Is it kolleezje it mei ús fraksje iens dat mei it wegerjen fan help fan de brânwacht foar it doarp ûnnedige oerlêst en mooglik gefaar riskearre is? 6. Wat hat it kolleezje dien om dit soarte fan tastannen yn de takomst foar te kommen?
Ut namme fan de FNP-fraksje Achtkarspelen,
Sake van der Meer