3a - Fragen FNP - Jabikskrúswoartel (Jakobskruiskruid)
Tekst van het document
Fragen foar it fragehealoerke fan 10 july 2025
Underwerp: De Jabikskrúswoartel (Jakobskruiskruid) Foarsitter, Yn de bermen fan de gemeente Achtkarspelen steane wer in hiel soart giele blommen, de Jabikskrúswoartel. Dizze ûnkrûdblommen binne sa as we witte skealik foar fee as dizze yn de kûle komme. In skoftsje ferlyn hat de FNP alris in moasje yntsjinne om mear oan de bestriding fan dit ûnkrûd te dwaan. De FNP hat hjir in tal fragen oer: 1. Is de gemeente Achtkarspelen al dwaande om dizze Jakobskrúswoartel op te romjen? 2. Is it by de gemeente bekend dat hjir ferplichtingen oan ferbûn binne? It stiet nammentlik yn de provinsiale feroardering. 3. Wurdt der ek melding by de Provinsje makke dat harren bermen ek groatfol steane mei dizze blommen? En ropt de gemeente Achtkarspelen harren ek op om mear oan de bestriding te dwaan? Út namme fan de FNP-fraksje, Wopke Veenstra