22 - Bylage 1 - Profylskets
Tekst van het document
ACHTKARSPELEN SIKET IN NIJE BOARGEMASTER RUT N G R MA OCHTE KIP F S FRIJ E MIEN GOED S IV G AKT LIZZIN ERSSIN AIE NIMM PORT T JE O M P S ER ÛND OKALE JES DO IK L Z S IEN BEANT EEL MU N N GS EIGE ADISJO ENNIN H SJ TR R LIC A FO TSSKA LY
Achtkarspelen stiet fan 1 jannewaris 2025 ôf wer op harsels. Der komt dan in ein oan de jierrenlange amtlike gearwurking mei buorgemeente Tytsjerksteradiel yn de wurkmaatskippij 8KTD. De gemeenteried hat in nije koers fêststeld. Dat is de koers fan in selsstannige gemeente Achtkarspelen. Mei as fûnemint de begripen dy’t it aard fan ús gemeente en ús ynwenners it bêste typearje:
MIENSKIP LYTS MAR GRUT GRIEN YNDUSTRY FRIJFOCHTEN TAAL AKTYF ERIENINGSLIBBEN MOAIE LIZZING GOED SA’T IT IS ÛNDERNIMMERSSIN EIGEN BEANTSJES DOPJE AKTIVITEITEN TRADISJONEEL FOARSJENNINGS SPORT MUZIKAAL GEARWURKING LYTSSKALICH
ALTYD AL FRIJFOCHTEN De Gemeente Achtkarspelen ûntlient har namme oan it wurd ‘kerspel’ of ‘karspel’. Yn it Middelnederlânsk it wurd foar in gebiet dat ûnder it bewâld foel fan in parochy of tsjerkekapel, mar ek ûnder in boargerlike oerheid. De acht slacht op de acht karspelen dy’t sjoen fanút it dekenaat Oldehove oan de oare kant fan de rivier de Lauwers leinen. It bewenne gebiet (tsjintwurdich mei alve doarpskearnen) dat no Achtkarspelen hjit, stiet om it jier 1475 hinne foar it earst yn de boeken. Achtkarspelen hie lang in bysûnder plak yn de provinsje Fryslân: it wie nammentlik in part fan it bisdom Münster, yn tsjinstelling ta de rest fan Fryslân, dy’t by it bisdom Utert hearde. De doarpen en kearnen fan Achtkarspelen hawwe in rike skiednis. Net dat de ynwenners ryk wienen. Krektoarsom, Achtkarspelen wie in plak dêr’t
ynwenners faak sjen moasten om rûn te kommen fan in planút lyts ynkommen. In protte ynwenners libben – grif mei de eagen fan no – ûnder erbarmlike omstannichheden; se moasten sjen te oerlibjen fan dat wat it lân harren joech. Yn Achtkarspelen wie sprake fan echte earmoed, seker oant de Twadde Wrâldoarloch ta. Dat faak suterige bestean en dy útsûnderingsposysje litte oant hjoed-de-dei ta harren spoaren nei. Spoaren út it ferline, dy’t net te ûntstriden of fuort te poetsen binne. Se ha derfoar soarge dat de identiteit fan de ynwenners fan dizze streek him miskien wol it bêste omskriuwe lit as ‘frijfochten’. Wolst in goed byld krije fan dat folksaard, dan is it boek ‘Al mijn moeders’ (2022) fan Anita Terpstra in oanrieder. Neffens Terpstra komst yn Achtkarspelen njonken de ‘oanberne’ selsredsumens en eigensinnigens nammentlik ék in boppemjittich protte ienriedigens tsjin, as typearjend skaaimerk fan de ynwenners. Achtkarspelen hat alve doarpskearnen, allegearre mei in eigen karakter. Dy eigenheid komt fuort út de histoarje fan de ûnderskate doarpen. De Harkema, Boelensleane en
Groninger beeldbank, 1895-1920
Twizelerheide binne bygelyks typyske heidedoarpen. Surhústerfean (de namme seit it al) is in typysk ‘ferfeaningsdoarp’. Stynsgea, Twizel, Droegeham en Surhuzum binne foaral agraryske doarpen. Gerkeskleaster en benammen Stroobos rjochten harren fanâlds op transport en, lykas De Tille, op yndustry. Yn Bûtenpost sette de lânadel him nei wenjen; dêr is yn de lêste iuwen it bestjoerlik sintrum fan de gemeente. Der is in protte wurkgelegenheid troch de bedriuwen op bedriuweterrein De Swadde, oan it spoar Ljouwert-Grins.
MIENSKIP
Do seachst it al: it earste wurd yn de opsomming oan it begjin fan dit Omjouwingsprofyl is ‘Mienskip’. Frij oerset nei it Nederlânsk: gemeenschap. Mar it is eins net oer te setten, want yn Achtkarspelen is it folle mear. Benammen ek ‘ûnderlinge ferbûnens’. Mei in ryk ferieningslibben, mei in protte belutsen ynwenners dy’t harren frijwillich ynsette foar eigen doarp en de hiele mienskip, is Achtkarspelen in gemeente dêr’t de ‘Fryske paradoks’ (mei minder jild wol lokkiger) grif opgiet. Hast alle doarpen ha in aktyf doarpshûs as moetingsplak. De útienrinnende aktiviteiten yn dy doarpshuzen soargje foar bining tusken de minsken; se soargje derfoar dat minsken yn de mienskip fan Achtkarspelen ‘noch’ echt mei-inoar libje. It is wichtich om dy funksje te behâlden.
DE NENDE N I R N YN ÚTIE EITEN EN T I V I T AK UZ ARPSH AR O D Y D JE FO SOARG USKEN DE T BINING SKEN. MIN
SELSSTANNICH, LYTS MAR GRUT
Op 22 juny 2023 ha de gemeenterieden fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel it beslút nommen om op te hâlden mei de amtlike gearwurking. It jier 2024 stiet yn it teken fan it faninoar losmeitsjen fan de wurkmaatskippij 8KTD en de soarchfâldige opbou fan de nije, wer hielendal selsstannige organisaasje. In flinke put, dy’t op 1 jannewaris 2025 noch net klear is. De krappe arbeidsmerk makket dat der soargen binne oer it oanlûken fan genôch personiel. De nije boargemaster soarget der tegearre mei it kolleezje foar dat de tsjinstferliening op peil is en meiwurkers mei nocht en wille nei harren wurk geane. De boargemaster harket goed nei sinjalen fan bûten en fan binnen en bringt dy ferwachtings byinoar mei krêftdiedigens en treflike kommunikative feardichheden.
N RSPELE TE A K T H S AC AR N IT FO INGSY L O W ER N ÚTFI ÊZE. I K A L P NTE W GEMEE
Dêr wêr’t gemeenten hieltyd grutter wurde, hat Achtkarspelen besletten net te fusearjen. It ‘dwerstriedderige’ beslút fan de gemeenteried past by de al neamde eigensinnigens dy’t it folksaard fan de ynwenners ûnderskiedt. Der is ien dúdlik doel, nammentlik dat kolleezje en ried fan de gemeente tichtby harren ynwenners stean bliuwe. Mei de realiteitssin dat de wrâld grutter is as Achtkarspelen en dat it wichtich is om de ekonomy en de posysje fan Achtkarspelen yn de regio en yn Fryslân fuort te sterkjen. De nije boargemaster hat in dúdlike fyzje op de bestjoerskrêft fan de gemeente. De gemeenteried stelt de kaders.
N RSPELE E A K T H D AC TSK OP , U R G S G I UWIN OMJO REKLIKE T IT OAN YN IT HERT IP LÂNSK E ‘FRYSKE FAN D DEN’ WÂL
MOAIE LIZZING EN LEIT DER MOAI BY! Achtkarspelen is in gemeente, dy’t sintraal leit yn it Noarden, yn de trijehoek Drachten, Ljouwert en Grins. In gebiet mei foar in grut part in agrarysk karakter. De gemeente hat goed 28.000 ynwenners, dy’t wenje yn alve ûnderskate prachtige doarpen. De grutste twa doarpskearnen Surhústerfean en Bûtenpost ha moaie winkelsintrums mei in regionale funksje.
Achtkarspelen is in griene gemeente yn in prachtich kûlisselânskip. Mei in protte moaie plakken om te kuierjen, te fytsen of samar wat te rekreëarjen. Der binne yn de gemeente treflike skoallen foar basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis. Achtkarspelen is goed berikber mei de trein (Ljouwert-Grins). In protte ynwenners wurkje bûten Achtkarspelen, mar wenje mei in protte nocht yn de gemeente. Oansprekkende bedriuwen soargje foar wichtige lokale wurkgelegenheid. Der binne prachtige eveneminten lykas de gondelfeart yn Droegeham, it hurdfytsen de
‘Moai, sûnder wjergea, binne de Wâlden:
Smûk skaadzjend beamtegrien, oeral yn ’t rûn Blier, laitsjen boulân, tierige greiden Sjongende fûgels, sânich de grûn’
Profronde fan Surhústerfean (fuort nei de Tour de France), de survivalrun yn De Tille en it konkoers hippyk yn Bûtenpost en Droegeham. By de kultuer fan Achtkarspelen heart ek it eigene fan de Fryske taal. It is wichtich dat de nije boargemaster Frysk ferstiet en by foarkar ek praat, al is dat nei ferrin fan tiid.
EIGEN BEANTSJES DOPJE
Sa folle as mooglik ‘dyn eigen beantsjes dopje’; dy hâlding typearret de ynwenners fan de gemeente Achtkarspelen. Hjir op de sângrûn fan de Fryske Wâlden binne dy beantsjes de alderhearlikste ‘wâldbeantsjes’ (of giele wâldbeantsjes). Se ha wis en wrachtich in oandiel hân oan de oarsprong fan de siswize. De pleatslike ûndernimmersgeast is grut. Dochs binne der, hjoed en op de wat langere termyn, noch wat nuten te kreakjen as it giet oer de swakte fan de sosjaal-ekonomyske struktuer. Dat wol sizze: in relatyf leech ynkommen en trochsneed in leech opliedingsnivo. In skaaimerk dat foar in part in erfenis is út it ferline.
JE OLLEEZ M K N E EO RIED MBYSJ IUWEN A E D DR HA ERS, BE SJES SA N N E YNW GANISAA TE EN OR AS MOOGLIK GE I FOLLE WICHT Y B N E BELÛK ESLUTEN. B
De finansjele sitewaasje fan de gemeente jout krekt lykas by oare gemeenten soarch. As it giet om eigen beantsjes dopje, freget it mearjierreperspektyf om in op ‘e nij berieden op taken en útjeften. It is wichtich dat in boargemaster yn ‘e mande mei kolleezje en ried dizze útdaging fierder aktyf foarmjout.
PARTISIPAASJE
De gemeenteried fan Achtkarspelen bestiet út 21 riedsleden, ferdield oer de fraksjes fan acht politike partijen en ien selsstannich riedslid. Der binne fjouwer wethâlders. Ried en kolleezje ha de ambysje om ynwenners, bedriuwen en organisaasjes sa folle as mooglik te belûken by wichtige besluten. En dat al op jonge leeftyd; de gemeente hat in jongereinried en in berneboargemaster. Der is in wurkgroep ‘Ried fan de Takomst’ dy’t mei-inoar fan gedachten wikselet oer de fernijing fan it lokaal bestjoer.
By de ynrjochting fan de iepenbiere romte binne ynspraak en meitinken troch ynwenners al hiel gewoan. Dochs is der de ambysje om noch mear te dwaan oan sawol boargerpartisipaasje as oerheidspartisipaasje. De boargemaster hat net allinnich in wetlike taak op dat mêd, mar ek in heldere fyzje wêrmei’t yn gearwurking mei de gemeenteried in Partisipaasjeferoardering ta stân komt. Kinderburgemeester 2023 - 2024 Thea Lien Bosma
PROFYL
DE NIJE BOARGEMASTER FAN ACHTKARSPELEN IS IN BELUTSEN FERBINER, IN BESIELE NETWURKER EN IS KRÊFTDIEDICH AS DE SITEWAASJE DER OM FREGET.
Asto in ferbiner yn ieren en sinen bist, dan hjit Achtkarspelen dy graach wolkom as ús nije boargemaster. Wis asto dêrnjonken in ‘netwurker’ bist en kwaliteiten hast as ‘gongmakker’ dy’tsto ynsetst mei waarmte en begryp foar de oar.
AS ÚS NIJE BOARGEMASTER BISTO DE FERBINER
Ús ynwenners hechtsje deroan dat harren boargemaster sichtber is en maklik oan te sprekken. Do stiest strak midden yn de mienskip fan Achtkarspelen, in Fryske gemeente dêr’t elk fan de alve doarpen syn eigen gewoanten en omgongsfoarmen hat. Alle alve mei inoar ferbûn as buorlju, mar dochs ek mei genôch romte foar in eigen, lokaal karakter.
Do ferdjippest dy gau yn de histoarje en de eigenheid fan de gemeente. Fanselssprekkend hâldsto as ferbiner rekken mei eventuele gefoelichheden. Do respektearrest de wearden en noarmen fan ús minsken en stimst dyn hâlding dêr respektfol op ôf. Do stapst maklik op oaren ôf en makkest gau persoanlik kontakt op in leechdrompelige manier. Do ynvestearrest yn minsken. Do hast omtinken en begryp, moedigest oan en joust selsbetrouwen. Do stimulearrest gearwurking en soargest derfoar dat belangen byinoar komme, soms troch dysels wêr’t dat nedich is fuort te siferjen. Do sikest nei mienskiplike doelstellingen en in gearhingjende, sinfolle oanpak. Sa fersterkesto as fansels de groepskoheezje en bringst mooglike konflikten ta in goed en foar elkenien oannimlik ein. Want do bist in
Foarôf. Goed om te witten as ynteressearre kandidaat; no’tsto dy ferdjippest yn ús moaie gemeente, lêsto dat Achtkarspelen in bestjoerlik roerige perioade efter de rêch hat. Wy ha nei in perioade fan amtlike gearwurking mei buorgemeente Tytsjerksteradiel besletten om selsstannich fierder te gean. Dy kar hat op in protte nivo’s konsekwinsjes en freget fan dy as boargemaster om mei it sicht op de takomst fierder te wurkjen oan in Achtkarspelen dat klear is foar de takomst.
brêgebouwer. Do hâldst derfan om mei-inoar ta in mienskiplike dieler te kommen en leverest dêrby in aktive, sichtbere bydrage.
DO BIST EK DE NETWURKER
De ynwenners fan Achtkarspelen wolle graach in boargemaster ha dy’t iepen stiet foar minsken en rjochte is op gearwurking. Do pikst sinjalen, ideeën en plannen fan ynwenners gau op. Do bist sichtber en op dyn eigen manier in dúdlik boechbyld fan de gemeente. Do sikest aktyf kontakt mei riedsleden, ynwenners, bedriuwen en organisaasjes. Do iepenest doarren foar oaren en bist by steat om de gearwurking fuort te sterkjen, sawol yn de gemeente as ek yn de regio. Do bist optimistysk
fan aard, do tinkst dus yn kânsen en mooglikheden en do bringst minsken en ideeën maklik byinoar. Do befoarderest it demokratyske proses en do bist diplomatyk. Do krigest gau ynsjoch yn de resinte ûntjouwingen en trends by buorgemeenten en yn de hiele regio. Do snapst de betsjutting dêrfan foar Achtkarspelen sels. Do witst Achtkarspelen adekwaat te posisjonearjen. Do fasilitearrest en kreëarrest netwurken. Dêrby sjochsto ek gauris bûten de gemeentegrins nei goede, nije ideeën en mooglikheden. Do hast as bestjoerder al ûnderfining mei polityk-bestjoerlike krêften.
EN DO BIST KRÊFTDIEDICH AS DE SITEWAASJE DEROM FREGET
As boargemaster stimulearresto mei natuerlik liederskip in earlik en betrouber bestjoer, soargesto adekwaat foar de iepenbiere oarder, feiligens en hanthavening en befoarderesto dat Achtkarspelen in op ‘e klant rjochte en tsjinstferlienende gemeente is. In dyn rol as foarsitter fan de gemeenteried en it kolleezje operearresto koersfêst, linich, mei gesach en geduld en mei it fermogen om op syn tiid te relativearjen. Do sjochst it as in útdaging om, nei in soms stevich debat, minsken mei konfliktearjende belangen mei inoar te ferbinen. Yn dyn rol as foarsitter fan it kolleezje makkesto it kolleezje sterker troch omtinken oan teamfoarming te jaan. Do stimulearrest it meitinken mei inoar en fersterkest dêrtroch de individuele portefúljes.
Do befoarderest kollegiaal bestjoer en sjochst ta op de kwaliteit fan beslútfoarming. Do joust romte oan it debat en hâldst dêrby de rezjy. Eigenskippen as humor, relativearringsfermogen en goed harkje kinne helpe dêrby. Mar foaral bisto by steat om ús mei te nimmen nei in gemeente Achtkarspelen dy’t klear is foar de takomst. Ynwenners fine it wichtich dat harren boargemaster ideeën hat oer de posysje fan Achtkarspelen yn de regio en yn de provinsje. Do kinst fluch beoardielje hokker foarfallen fan ynfloed binne op it besteande belied, it hanneljen fan de polityk ferantwurdliken en op de amtlike organisaasje. Do foarsjochst op ‘e tiid de risiko’s en kânsen foar de gemeenteried en mei-bestjoerders en sinjalearrest op dy manier ek sitewaasjes dy’t de gemeente (of ynwenners) mooglik skea tabringe kinne. As foarsitter fan de gemeenteried doarsto de ried te spegeljen. Do bist de hoeder fan it demokratysk proses. Do hâldst dêrby it efterlizzende doel goed foar eagen en krigest it klear om in goede kar te meitsjen. Do stimulearrest mei enerzjy en ynset it realisearjen fan stelde doelen. Do spoarst oaren oan ta it neikommen fan ôfspraken. Do joust dêrby it goede foarbyld . Yn komplekse sitewaasjes of diskusjes beneamst de kearn, do ferbredest de kwestje wêr’t dat nedich is en makkest de oerienkomsten en ferskillen foar elkenien transparant. Do aktearrest
sichtber en makkest in dúdlike kar. Do befoarderest demokratyske beslútfoarming; sels bliuwst altyd ûnôfhinklik. Do fergruttest kânsen foar de boarger en de bedriuwen en setst de gemeenteried as folksfertsjintwurdiger yn syn krêft. Do bist in stevige én tagelyk plesierige ûnderhanneler, immen dy’t der dúdlik oan bydraacht dat we ús takomstplannen ek wiermeitsje kinne. Fansels binne de fiif basiskondysjes dy’t foar alle boargemasters yn Nederlân jilde, ek fan tapassing op de boargemaster fan Achtkarspelen: do bist ynteger, werkenber, ûnôfhinklik, ferbinend en stiest fêst yn ‘e skuon.
DE DY YN Y O T S W EN WERK IPPEN DÊR’T TS K KE EIGENS ZE PROFYLS N Z YN DI REEGJE? DA OM F OAR US DE F BISTO ASTER DY’T M E BOARG Y SYKJE! W
BY EINTSJEBESLÚT
Achtkarspelen siket in boargemaster mei akademysk wurk- en tinknivo, mei in fariearre polityk-bestjoerlike ûnderfining binnen of bûten de oerheid. Immen mei in relevant bestjoerlik en polityk netwurk op provinsjaal en lanlik nivo en mei by foarkar ferstân fan it fakgebiet iepenbiere oarder, hanthavening en feiligens. As ús boargemaster ferstiesto it Frysk en praatst it by foarkar ek, al is it op termyn.
En mochten we mei-inoar yn petear reitsje, wit dan dat de earste fraach wêze sil:
‘Achtkarspelen is in gemeente lykas oaren. Dochs fine wy ússels oars as oars. Hokker byld ha jo dêr by?’.
EN FIERDER ….
Werkensto dy yn it boppesteande en wolsto graach wat betsjutte foar ús gemeente, dan nûgje wy dy fan herte út om te sollisitearjen nei it moaie amt fan boargemaster. It is mooglik datsto in assessment dwaan moatte.