17 - Moasje frjemd oan de oarder fan de dei FNP, CDA - Foarkom skea oan ús lânskip troch de 380kV-heechspanningsferbining
Tekst van het document
MOASJE Wurklistpunt: 17. Moasje frjemd oan de oarder fan de dei Saak- en stiknûmer: 2025111812615/25ZG110730 Underwerp: Foarkom skea oan ús lânskip troch de 380kV-heechspanningsferbining De ried fan de gemeente Achtkarspelen byinoar op 27 novimber 2025 Fersiket it kolleezje: 1. Alles yn it wurk te stellen binnen syn wetlike en bestjoerlike mooglikheden om foar te kommen dat de 380kV-heechspanningsferbining troch Achtkarspelen oanlein wurdt; 2. Alle juridyske en bestjoersrjochtlike mooglikheden te ferkennen en, as dat nedich is, beswier, berop of oare rjochtsmiddels yn te setten tsjin beslútfoarming dy’t it trasee troch Achtkarspelen mooglik makket; 3. Aktyf de gearwurking te sykjen mei de gemeenten Tytsjerksteradiel, Ljouwert en oare belutsen oerheden om mienskiplik op te lûken rjochting provinsje, Ryk en TenneT; 4. Yn te setten op ûndergrûnske oanlis of alternative rûtes mei minimale skea oan lânskip, sûnens en leefomjouwing; 5. De gemeenterie geregeldwei te ynformearjen oer de fuortgong, de juridyske posysje en de mooglikheden foar ynspraak en partisipaasje foar ynwenners. En giet oer ta de oarder fan de dei.
Konstatearjende dat: • de provinsje Fryslân yn har regio-advys kiest foar in trasee fan de nije 380kVheechspanningsferbining fan TenneT dat fia Surhústerfean en Burgum troch de gemeente Achtkarspelen rint; • dit trasee grutte gefolgen hat foar it iepen en karakteristike kûlisselânskip fan Achtkarspelen, dat beskiedend is foar de identiteit, leefberens en toeristyske oantreklikens fan ús gemeente; • it provinsjale advys erkent dat de ferbining gjin direkte mearwearde hat foar Fryslân, om’t der gjin ôftakking op it Fryske net komt en de besteande netkongestje der net mei oplost wurdt; • der alternativen besteane (benammen trasee 4 en 5 lâns de A7) dy’t koarter, goedkeaper en minder skealik foar it lânskip binne, en wêrby’t (diels) ûndergrûnske oanlis technysk en finansjeel mooglik is; • neffens advizen fan it RIVM der noch ûnwissichheid bestiet oer de sûnenseffekten fan wenjen yn de buert fan heechspanningslinen, benammen troch langduorjende bleatstelling oan elektromagnetyske fjilden.
Oerwaagjende dat: • de oanlis fan 60 meter hege peallen in ûnomkearbere oantaasting foarmet fan natuer, lânskip, ekology en wenkwaliteit yn Achtkarspelen; • it Ryk by de úteinlike beslútfoarming ôfwike kin fan it provinsjale advys; • it gemeentebestjoer alle mooglikheden benutte moat om dit plan te beynfloedzjen en foar te kommen dat dit “ûnheil” ús gemeente treft; • Achtkarspelen him earder al dúdlik útsprutsen hat tsjin it noardlike trasee en foar in alternatyf mei minder romtlike en maatskiplike skea. Wopke Veenstra, FNP-Achtkarspelen Thea Kuipers, CDA-Achtkarspelen