16 - Moasje frjemd oan de oarder fan de dei FNP, PVV, PvdA, CDA, VVD, CU, GBA en GroenLinks oer herijking en ferheging Gemeentefûns - oannommen
Tekst van het document
MOASJE
Agendapunt: 16. Moasje frjemd oan de oarder fan de dei Onderwerp: Herijking en ferheging Gemeentefûns De ried fan de gemeente Achtkarspelen yn gearkomste byinoar op 18 februari 2021 Konstatearjende dat: • • • • • • • • • •
De ûndersiken nei herferdieling fan it Gemeentefûns klear binne; Wy op basis hjirfan oerspield binne mei krantekoppen en nijsberjochten oer de útkomst fan de herferdieling foar ús gemeente en oare noardlike gemeenten. Der op 29 jannewaris 2021 troch Minister Ollegren (BZK) in notysje ferdielútstel Gemeentefûnsen gearfetting stjoerd is as advysoanfraach nei de Ried fan Iepenbier Bestjoer; Der in fikse koarting driget op de bydrage út it Gemeentefûns foar de measte Fryske gemeenten; Dit in oansjenlike koarting betsjut foar in soad noardlike gemeenten; It Gemeentefûns in belangryk part fan de begrutting foarmet; De measte gemeenten yn Fryslân tusken 40-83 euro per ynwenner der op efterút buorkje; Ut de herferdielingsberekkeningen blykt dat wy 83 euro per ynwenner minder ûntfange sille wat resultearret yn in ekstra gat yn ús begrutting fan 2.3 miljoen; Ut de herferdielingsberekkeningen blykt dat wy op basis fan ‘gemiddelden’ ús ynkomsten út ‘oare eigen middels’ drastysk ferheegje moatte; Wy neffens de ‘kansenkaart.nl’ yn it noarden de leechste ymkommes hawwe;
Oerwaagjend dat: • • • • • • • • • • • •
Dêrmei de ynwenners fan ús gemeenten hurd troffen wurde; De ekstra ynkomsten út ‘oare eigen middels’ lykas ûnder oare de OZB, ynkomsten út grûnbedriuw, forinzenbelesting, toeristenbelesting, precarioheffingen, ensfh dan ek net realistysk binne en net ekstra troch ús ynwenners opbrocht wurde kinne; In kompensaasje efternei – sa’t Minister Ollongren foarstelt – moster nei it miel is en in doekje foar it blieden; In grut oantal gemeenten dit jier al besunige hawwe op saken as leefberens, kulturele ynstellingen, ferieningslibben en sport; In grut oantal gemeenten dit jier al in fikse ferheging fan de belestingen trochfierd hawwe om de begrutting slutend te krijen; Wy as ried op 2 juli en 17 september 2020 de ried en it kolleezje oproppen hawwe om alle prikken yn it wurk te setten om strukturiel mear jild te krijen út it Gemeentefûns; It no al hast ûnmooglik is om in strukturiel slutende begrutting op te stellen; De gemeente hjirmei feitlik kapot besunige wurdt, sjoen de eask fanút de provinsje om in slutende begrutting te presintearjen; It feitlik oan te nimmen is dat der noch mear taken net mear útfierd wurde kinne troch de gemeente; Wy riedslid wurden binne, omdat wy it allerbêste foar ús ynwenners wolle en net om fuort te besunigjen wat wy mei-ioar opboud ha.
Der in ferskraling fan de leefberens fan Fryslân op de loer leit; De bedoelde plannen oangeande de herijking fan it Gemeentefûns foar Achtkarspelen ‘onaanvaardbaar’ binne;
Draacht it kolleezje op: 1. Alle prikken yn it wurk te setten om de herferdieling foar te kommen. 2. Al it mooglike te dwaan om in ferheging fan it Gemeentefûns foar inoar te krijen. 3. Hjirfoar lobbywurk te dwaan by alle netwurken dy’t hjir ynfloed op útoefenje kinne, sawol lokaal, profinsjaal as lanlik. 4. Mei de omlizzende en troffen gemeenten en kolleezjes yn it noarden in blok te foarmjen en yn ferset te kommen tsjin de herferdieling. 5. Dit ek tidens de ALV’s en gearkomsten sjen te litten troch hjirfoar resolúsjes, amendeminten en moasjes yn te tsjinjen en dit te dwaan foar alle organisaasjes wêrby’t wy oansluten binne, lykas de VFG en VNG. 6. Dit te besprekken mei de heechst mooglike prioriteit binnen de VFG, yn kontakten mei it provinsjebestjoer, binnen de VNG en yn it oerlis mei de fûnsenbeheerders (de minister fan BZK en de Steatssekretaris fan Finânsjes) en rjochting harren út te sprekken dat dizze herferdieling foar ús gemeente ‘onaanvaarbaar’ is. 7. De ried konstant en fansels op ‘e tiid op de hichte te hâlden oer de resultaten dêrfan en oer de aktuele stân fan saken en de ûntwikkelingen dêryn.
Sprekt as ried út: 1. Om it kolleezje hjiryn te stypjen en selfs ek saken op te pakken. 2. Yn de media en op ‘social media’ harren ûntefredenens kenber te meitsjen. En giet oer ta de oarder fan de dei.
FNP-Achtkarspelen, hr. T.O. Brinkman PVV-Achtkarspelen, hr. H.J. Graansma PvdA-Achtkarspelen, hr. J. Stellinga CDA-Achtkarspelen, hr. G. Terpstra VVD-Achtkarspelen, hr. F.J. Hoekstra CU-Achtkarspelen, hr. D. van Oosten GBA-Achtkarspelen, hr. S.W. Vegelin GroenLinks-Achtkarspelen, mefr. T.I. Veenstra
Met algemene stemmen (19) aangenomen.