14 - Moasje frjemd FNP, GBA, CDA - Renovaasje klaaikeamers ASC ‘75
Tekst van het document
MOASJE Wurklistpunt: 14. Moasje frjemd oan de oarder fan de dei Saak- en stiknûmer: 2026012614491/26ZG030766 Underwerp: Renovaasje klaaikeamers ASC ‘75 De ried fan de gemeente Achtkarspelen byinoar op 29 jannewaris 2026
Ropt it kolleezje op: 1. It subsydzjefersyk fan ASC ôf te hanneljen konfoarm it hjoeddeistige sportbelied en it restearjende bedrach oer te meitsjen nei de feriening en dit te ferantwurdzjen yn de folgjende begruttingswiziging. 2. Yn oanrin nei it nije sportakkommodaasjebelied it rjocht fan opstal op foarhân sa gau as mooglik te realisearjen. En giet oer ta de oarder fan de dei.
Taljochting: Subsydzjefersyk sportferiening ASC ’75 ASC hat begjin ferline jier in oanfraach dien foar subsydzje yn it kader fan de 50%-regeling by renovaasje fan de klaaikeamers. Dy oanfraach foldocht oan de betingsten en it kolleezje hat al in foarskot takend en oermakke. De klup is al útein set mei de renovaasje. Rjocht fan opstal Foar de eigen bydrage foar de renovaasje fan de klaaikeamers hat de feriening in liening nedich. It ‘waarboarchfûns sport’ (SWS) is frege oft it garant stean wol foar de liening. Troch dy garantstelling kin de feriening dan in bedrach (tsjin gewoane rintepersintaazjes) liene by in bank. Dêrneist hat de klup subsydzje oanfrege by it Iepen Mienskipsfûns (IMF). En dêr heakket it. By sawol de garantstelling as in mooglike IMF-subsydzje is it in betingst dat de feriening eigner is fan de gebouwen. Útgeande fan it nije sportakkommodaasjebelied is de feriening begûn mei de renovaasje fan de klaaikeamers, mar troch it ústellen fan it beslút komt de feriening no finansjeel yn de knoei. It kolleezje wurdt no oproppen om yn oanrin nei it nije sportakkommodaasjebelied it rjocht fan opstal op foarhân sa gau as mooglik te realisearjen.
IJde van Kammen, FNP-Achtkarspelen Dineke Terpstra-Kerkhof, GBA-Achtkarspelen Thea Kuipers-Jorna, CDA-Achtkarspelen