CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

13 - Moasje frjemd FNP en CDA - Oanpassing fergaderskema ried

Raadsvergadering Beslút 17 september 2026, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Moasje frjemd oan de oarder fan de dei FNP en CDA - Oanpassing fergaderskema ried531 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

MOASJE Wurklistpunt: 13. Moasje frjemd oan de oarder fan de dei Zaak- en stuknummer: 2026090921521/26ZG049374 Underwerp: Oanpassing fergaderskema ried De ried fan de gemeente Achtkarspelen byinoar op 17 septimber 2026 Oerwaagjende: • Dat it BOB-model (Byld, Oerlis, Beslút) in sterk bestjoerlik útgongspunt is foar in soarchfâldich beslútfoarmingsproses; • Dat yn de hjoeddeiske jierplanning yn wike 1 earst de kommisje Byld op ‘e planning stiet, dêrnei yn wike 2 it fraksje-oerlis en yn wike 3 de riedsgearkomste; • Dat troch dizze folchoarder fraksjes sûnder formeel yntern foaroerlis oan de kommisje Byld meidogge en de stikken pas nei Byld yn de eigen fraksje besprutsen wurde; • Dat it omwikseljen fan wike 1 en wike 2 yn de planning derfoar soarget dat fraksjes de ynkommen stikken foarôf yngeand trochprate kinne en goed taret de kommisje Byld yngean kinne; • Dat dizze oanpassing neat oan de ynlevermominten foar it kolleezje of de publikaasjedatum fan de stikken feroaret, gjin ekstra amtlike druk jout en it BOB-model folslein boarget.

Sprekt út: Om mei yngong fan 1 novimber 2026 it rinnende fergaderskema oan te passen en takomstige jierlikse fergaderskema's sa yn te rjochtsjen dat der tusken de publikaasje fan de riedsstikken en de kommisje Byld foldwaande tiid beskikber is foar de tarieding fan rieds- en kommisjeleden, wêrby't de kommisje Byld ien wike foar de riedsgearkomste (Oerlis en Beslút) plakfynt. En giet oer ta de oarder fan de dei. Taljochting: Wy binne as gemeenteried fan Achtkarspelen foarstanner fan it wurkjen neffens it BOB-model: earst Byld foarmje, dan Oerlis fiere, en ôfslute mei in Beslút. Yn de praktyske útfiering fan de jierplanning rinne wy lykwols tsjin in knyppunt oan. Yn de hjoeddeiske planning geane kommisje- en riedsleden yn wike 1 nei de kommisje Byld sûnder dat der foarôf de mooglikheid west hat om de stikken yn de eigen fraksje troch te sprekken. Dêrtroch moatte fragen tuskentroch en foaral op yndividuele basis betocht wurde. Pas yn wike 2 sit de fraksje byinoar, op in stuit dat de Byld-fase al ôfsletten is. Troch it fraksje-oerlis nei wike 1 te ferpleatsen en de kommisje Byld nei wike 2, kin it folgjende berikt wurde: 1. Ferbettering fan de kwaliteit fan Byld: Fraksjes kinne yn wike 1 al feitlike en technyske fragen tariede en ynstjoere.

Yn wike 2 wurdt Byld hjirtroch in rjochte ferdjippingssesje, dêr’t wethâlders en amtners yn befrege wurde kinne oer de antwurden, de ynterpretaasje fan feiten en de politike kaders fan it kolleezje. 2. Effisjintere riedsgearkomste (Oerlis / Beslút): Om’t yn wike 1 en 2 de feitlike en ferdúdlikjende fragen al beäntwurde binne, kin foar in grut part fan de stikken streekrjocht keazen wurde foar in hammerstik yn Beslút. Allinne de echte politike punten geane troch nei Oerlis. 3. Gjin ekstra belêsting foar de organisaasje: De publikaasjedatum fan de stikken (de freed foar wike 1) en it totale tal gearkomsten bliuwe krekt gelyk. De amtlike organisaasje en it kolleezje krije net minder tiid, mar de ried brûkt syn tiid folle better. Mei dizze lytse oanpassing yn it riedsritme hâlde wy it BOB-model folslein yn stân, mar soargje wy derfoar dat it yn de praktyk folle mear opbringt. Anne Douwe Bouma, FNP-Achtkarspelen Rienk Schootstra, CDA-Achtkarspelen

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://achtkarspelen.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/2b17487c-c96e-4dbf-a2d6-f2fbfa41a376?agendaItemId=e033e91c-e46b-496a-b7be-0124297a092e