12 - Raadsvoorstel - Kultuernota Ut de kûlizen
Tekst van het document
Riedsútstel Ried Agindapunt Status Program Eardere behandeling Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmer
: : : : : : : : :
15 desimber 2022 12 Mieningfoarmjend Programma 5 - Sport, cultuur en recreatie 25 novimber 2021 en 3 maart 2022 Dhr. T.O. Brinkman Mefr. D. Verbeek 1. Kultuernota Ut de kûlizen Z2021-03542 / S2022-20593
Underwerp Kultuernota Ut de kûlizen Wy stelle jo foar jo miening te foarmjen oer it ûndersteande konseptútstel fan it kolleezje: 1. de Kultuernota Ut de kûlizen fêst te stellen; 2. fan 2024 ôf € 7.000 op te nimmen yn de begrutting as dekking fan de strukturele aktiviteiten en dat mei te nimmen yn de earstfolgjende kadernota. Koarte gearfetting Mei de Kultuernota Ut de kûlizen hat de gemeente in ramt foar it kultuerbelied. Oan ‘e hân fan trije tema’s, meidwaan, mei-inoar en nij & aktueel, wolle wy in nije ympuls jaan oan kultuerpartisipaasje yn de gemeente. Behâld en fuortsterkjen fan besteande kultueruterings en it stimulearjen en fasilitearjen fan nije aktiviteiten op it mêd fan kultuer. Foech ried/kolleezje: De ried stelt de kultuernota fêst, wêrmei’t der in ramt is foar it kultuerbelied. It kolleezje stelt it útfieringsplan fêst en jout dêrnei útfiering oan de aktiviteiten. Ynlieding De hjoeddeistige kultuernota’s foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne fan 2008. De ôfrûne jierren wiene der grutte maatskiplike opjeften en ek de kommende jierren sil dat it gefal wêze. Dêrneist wurdt de eigen krêft fan de mienskip hieltyd wichtiger, mei as gefolch in feroarjende rol fan de gemeente en relaasje tusken ynwenners en oerheid.
Dat binne foar ús redenen om nij kultuerbeleid te ûntwikkeljen, mei as resultaat in mienskiplike kultuernota op haadlinen foar Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Histoarje Op 25 novimber 2021 is de Kultuernota Ut de kûlizen yn de gearkomste fan de ried bepraat, mar net oannommen. Yn dy riedsgearkomste is ien amendemint oannommen en binne der trije moasjes oannommen. De trije moasjes binne ferwurke yn it útfieringsplan fan de kultuernota. It amendemint is net ferwurke omdat it riedsútstel net oannommen is. Yn jo gearkomste fan 25 novimber is ek praat oer de musea yn de gemeente. It Mobiel Oorlogsmuseum yn Gerkeskleaster en it Legomuseum yn Droegeham binne nei foaren kommen. Dizze musea, mar ek it Museum/Oudheidkamer yn Gerkeskleaster, ha wy net mear opnommen yn de kultuernota. It komt werom yn in notysje oer it subsidiearjen fan musea yn Achtkarspelen.
Ried Punt Side
: : :
15 desimber 2022 12 2
Op 3 maart 2022 is de kultuernota op ‘e nij yn de gearkomste fan de ried bepraat. De ried hat doe ûnder oaren besletten om de Kultuernota foar ien jier fêst te stellen en foar 1 jannewaris 2023 mei in ferbettere kultuernota te kommen, dêr’t de feedback fan de ried wol yn ferwurke is. Ek binne der fia amendeminten guon tekstwizigings oannommen. De tekstwizigings binne oanpast yn de kultuernota. Dêrneist binne de opnames fan de riedsgearkomste fan 25 novimber 2021 en 3 maart 2022 op ‘e nij belústere. Neffens ús is alles wat bepraat is, fia in moasje of amendemint oanpast yn de kultuernota, op ien ûnderwerp nei: Méér Muziek in de Klas. Yn taheakke ferzje fan de kultuernota is dat oanpast, sjoch side 13 yn read. Te berikken effekt - Ramt foar it kultuerbeleid fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel - Breed kultureel oanbod om aktive likegoed as passive dielname oan kultueruterings fuort te sterkjen Arguminten 1.1 De hjoeddeistige kultuernota’s binne fan 2008 De ôfrûne jierren wiene der grutte maatskiplike opjeften en ek de kommende jierren sil dat it gefal wêze. Dêrneist wurdt de eigen krêft fan de mienskip hieltyd wichtiger, mei as gefolch in feroarjende rol fan de gemeente en relaasje tusken ynwenners en oerheid.
1.2 In nije kultuernota jout mooglikheden foar nije ympulsen Hoewol’t der noch altyd útfiering jûn wurdt oan de hjoeddeistige kultuernota’s, jout in nij ramt ek wer mooglikheden foar nije ympulsen. Kanttekenings 1.1 Op 3 maart 2023 ferfalt de Kultuernota Ut de kûlizen Op 3 maart 2022 hat de ried de Kultuernota Ut de Kûlizen foar ien jier fêststeld. Op 3 maart 2023 binne wy wer oanwiisd op de kultuernota fan 2008. Alternativen Neffens ús is no alles wat bepraat is, oanpast yn de kultuernota. As jo in oare, ferbettere kultuernota ha wolle, dan sille wy dêrfoar in ekstern buro ynskeakelje moatte en it proses foar de kultuernota op ‘e nij dwaan litte. De kosten dêrfan sille wy fia de kadernota yn byld bringe. Finânsjes As bylage by de kultuernota is in útfieringsplan taheakke mei dêryn nije aktiviteiten op it mêd fan kultuer. Dy sille wy de kommende jierren útfiere neist de besteande aktiviteiten. Foar útfiering fan de nije aktiviteiten is ekstra jild nedich. Foar beide gemeenten betsjut dat totaal € 75.000 (rûzing) foar de kommende twa jier. Yn 2020 en 2021 ha de gemeenten ryksjild krigen foar koroanakompensaasje yn de kulturele sektor. Ofrûne jier en ek foar de earste helte fan dit jier is dêrfoar in subsydzjeregeling fêststeld.
It restant fan beide subsydzjeregelingen wolle wy safolle as mooglik brûke as dekking foar de nije kulturele aktiviteiten yn 2022 en 2023 en dêrmei it fuortsterkjen fan kultuer. Foar de strukturele aktiviteiten fan 2024 ôf wolle wy € 7.000 struktureel opnimme yn de begrutting. Ynwenners- en oerheidspartisipaasje De kultuernota is op ynteraktive wize ta stân kommen. Yn jannewaris 2021 is der in digitale startgearkomste west foar ynwenners, organisaasjes en riedsleden fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel. Wy ha begjin 2021 ek in enkête op de websides fan beide gemeenten pleatst. Yn trije ferfolchgearkomsten ha kultueroanbieders en -partisipanten praat oer de trije tema’s fan de kultuernota. Dat hat resultearre yn in útfieringsplan. Foar de jongerein ha wy in
Ried Punt Side
: : :
15 desimber 2022 12 3
priisfraach útskreaun om in kultuerprojekt te betinken oan ‘e hân fan de trije tema’s. Der binne sân projekten yntsjinne, dy’t de kommende tiid útfierd wurde sille. Yntegraliteit Finansjeel belied stimt yn mei dit útstel. Sawol meiwurkers fan it sosjaal as romtlik domyn binne belutsen west by de tarieding fan de kultuernota. Previnsje Net fan tapassing. Gearwurking De Kultuernota Ut de kûlizen is in beliedsnota op haadlinen foar beide gemeenten. De kultuernota is op 25 novimber 2021 fêststeld yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel en leit no op ‘e nij ta fêststelling foar yn Achtkarspelen. Ferfolchtrajekt / kommunikaasje Yn gearwurking mei kultueroanbieders en -partisipanten jouwe wy útfiering oan de aksjepunten yn it útfieringsplan. Evaluaasje Nei fjouwer jier is der in evaluaasje fan de aktiviteiten yn it útfieringsplan. Dy evaluaasje sil foar kundskip (fia de LIS) nei jo takomme. Bûtenpost, 29 novimber 2022
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen, sekretaris,
boargemaster,
dhr. mr. M.P. de Jong
dhr. mr. O.F. Brouwer
Konsept riedsbeslút De ried fan de gemeente Achtkarspelen; lêzen it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders d.d. …….., punt nr.: ..; Beslút: 1. de Kultuernota Ut de kûlizen fêst te stellen; 2. fan 2024 ôf € 7.000 op te nimmen yn de begrutting as dekking fan de strukturele aktiviteiten en dat mei te nimmen yn de earstfolgjende kadernota. Lykas fêststeld yn de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Achtkarspelen fan @ 2023.
De griffier,
De foarsitter,
Dhr. mr. G.J. Andringa
Dhr. mr. O.F. Brouwer