08 - Raadsvoorstel - Nota Frysk taalbelied
Tekst van het document
Riedsútstel Ried Agindapunt Status Program Eardere behanneling Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmer
: : : : : : : : :
21 septimber 2023 8 Mieningfoarmjend/Beslútfoarmjend Programma 5 - Sport, cultuur en recreatie Dhr. T.O. Brinkman Mefr. D. Verbeek 1. Nota Frysk taalbelied 8KTD - 2023 Z2022-03094 / S2023-10343
Underwerp Nota Frysk taalbelied Wy stelle jo foar te besluten om: de Nota Frysk taalbelied fêst te stellen. Koarte gearfetting De hjoeddeistige Nota Frysk taalbelied Achtkarspelen is opsteld foar de perioade 2017-2021. Dêrom is it belied aktualisearre en leit der no in nije nota foar, ien nota foar sawol Achtkarspelen as Tytsjerksteradiel. Yn de nota formulearje wy doelstellings en útgongspunten foar it Frysk taalbelied, beskriuwe wy de hjoeddeistige situaasje oangeande it Frysk op ferskate domeinen en beneame wy nije ympulsen foar de kommende jierren. Foech ried/kolleezje De ried hat it foech om de Nota Frysk taalbelied fêst te stellen. It kolleezje hâldt him dwaande mei de útfiering fan it Frysk taalbelied. Ynlieding De hjoeddeistige Nota Frysk taalbelied Achtkarspelen is opsteld foar de perioade 2017-2021. Dêrom is it belied aktualisearre en leit der no in nije nota foar, ien nota foar sawol Achtkarspelen as Tytsjerksteradiel. Yn de nota formulearje wy doelstellings en útgongspunten foar it Frysk taalbelied, beskriuwe wy de hjoeddeistige situaasje oangeande it Frysk op ferskate domeinen en beneame wy nije ympulsen foar de kommende jierren (sjoch taheakke). Histoarje Net fan tapassing. Te berikken effekt Behâld en fuortsterkjen fan de Fryske taal.
Arguminten De Wet gebrûk Fryske taal ferget gemeenten om in beliedsplan fêst te stellen It opstellen fan in beliedsplan oer it brûken fan de Fryske taal is in eask op grûn fan artikel 5, twadde lid fan de Wet gebrûk Fryske taal.
Ried Punt Side
: : :
21 september 2023 8 2
De gemeente hat in ramt foar it Frysk taalbelied Mei in Nota Frysk taalbelied hat de gemeente in ramt foar it Frysk taalbelied. Dêrmei is dúdlik hoe’t wy as gemeente mei it Frysk omgean en wat de doelen en de útgongspunten fan it Frysk taalbelied binne. Alternativen Net fan tapassing. Kanttekenings/risiko’s Utfiering fan de nota is allinnich mooglik by foldwaande personiele kapasiteit. Finânsjes De kosten fan besteande aktiviteiten en de nije ympulsen binne te ferdielen yn materiële en personiele kosten. Materiële kosten De finansiering fan de materiële kosten bart út besteande budzjetten wei. Foar it grutste part út it budzjet Frysk taalbelied (8K: € 12.339) en dêrneist, as it te krijen hat mei oare beliedsterreinen, ek út dy budzjetten wei, bygelyks ûnderwiis en rekreaasje & toerisme. Ek meitsje wy gebrûk fan subsydzjemooglikheden by provinsje Fryslân. Fan in oantal nije ympulsen binne de kosten noch net dúdlik. As dêr ekstra jild foar nedich is, dan wurdt dat oan de ried foarlein. Personiele kosten Op dit stuit binne der fjouwer oeren beskikber foar it ûntwikkeljen, advisearjen en útfieren fan it Frysk taalbelied fan twa gemeenten. Dat is ûnfoldwaande. Fia de Kadernota 2024-2027 is útwreiding fan fjouwer oeren oanfrege foar ûntwikkeljen en advisearjen en tolve oeren foar de útfiering fan it Frysk taalbelied binnen de WM8KTD.
Ynwenners- en oerheidspartisipaasje Op 2 febrewaris 2023 is der in ynteraktive gearkomste organisearre foar riedsleden, ynwenners en organisaasjes fan beide gemeenten. Dêrneist ha ferskate eksterne organisaasjes (bygelyks SFBO (pjutte-opfang) en Cedin(ûnderwiis)) in reaksje op de nota jûn en is de nota bepraat yn it Leja/SPJ. Ek hat de jongereinried 8K twa ideeën oandroegen dy’t opnommen binne yn de nota. Kommunikaasje De Nota Frysk taalbelied komt op de webside fan de gemeente en wy bringe it ûnder de oandacht op de gemeentepagina yn De Feanster. Yntegraliteit De belutsen ôfdielings / kollega’s binne frege om in reaksje en kinne ynstimme mei de tekst en nije ympulsen. Previnsje Net fan tapassing. Gearwurking De Nota Frysk taalbelied is in nota foar sawol Achtkarspelen as Tytsjerksteradiel.
Ried Punt Side
: : :
21 september 2023 8 3
Ferfolchtrajekt Nei it fêststellen fan de Nota Frysk taalbelied Achtkarspelen sille wy de aktiviteiten yn de nota de kommende jierren útfiere. Betingst is wol dat der foldwaande personiele kapasiteit is. Evaluaasje Nei fjouwer jier komt der in evaluaasje fan de aktiviteiten. Bûtenpost, 18 july 2023
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen, sekretaris,
loko-boargemaster,
dhr. mr. M.P. de Jong
dhr. J. Spoelstra
Riedsbeslút De ried fan de gemeente Achtkarspelen; nei it lêzen fan it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 18 july 2023, wurklistnûmer 8; mei it each op artikel 5, twadde lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal; Beslút: de Nota Frysk taalbelied fêst te stellen.
Sa fêststeld yn de iepenbiere gearkomstefan de ried fan de gemeente Achtkarspelen fan 21 septimber 2023.
De griffier,
De foarsitter,
Dhr. mr. G.J. Andringa
Dhr. mr. O.F. Brouwer