08 - Moasje frjemd oan de oarder fan de dei FNP - PvdA - Subsydzjes Sosjaal Kultureel Wurk
Tekst van het document
MOASJE
Wurklistpunt: 13. Moasje frjemd oan de oarder fan de dei Underwerp: Subsydzjes Sosjaal Kultureel Wurk De ried fan de gemeente Achtkarspelen yn gearkomste byinoar op d.d. 1 july 2021 Sprekt út:
It beslút, naam yn de begruttingsried ôfrûne hjerst, om de subsydzje foar it Sosjaal Kultureel Wurk yn alle doarpen mei yngong fan 1 jannewaris 2022 stop te setten, wer yn te lûken. De subsydzje minimaal op it hjoeddeiske nivo yn stân te hâlde te wollen. Dat de moasje fan 22 april 2021 ‘Om de besuniging op it Sosjaal Kultureel Wurk te dempen’ dêrom net ta útfiering komme moat.
En giet oer ta de oarder fan de dei. Taljochting:
De moasje, yntsjinne op 22 april 2021 troch de koalysjepartijen en oannommen yn de ried, soarget foar ûnwissens en docht gjin rjocht oan de wichtige funksje fan de sosjaal kulturele aktiviteiten en bliuwt as in swurd fan Damocles boppe de merk hingjen. It is fan grut belang dat de sosjaal kulturele aktiviteiten foar de leefberens yn de doarpen, útfierd troch ferskate frijwilligers oerein bliuwe, net ferdwine en net ûntmoedige, mar krekt oarsom, stimulearre wurde.
FNP-Achtkarspelen,
PvdA-Achtkarspelen
Mefr. M. Dotinga-van der Veen
Dhr. T. Nicolai