CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

07 - Moasje frjemd oan de oarder fan de dei FNP - PvdA - Yn stân hâlde subsydzje oan de Pleatslike Belangen

Informatiecarrousel 24 juni 2021, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Moasje frjemd oan de oarder fan de dei FNP, PvdA - Yn stân hâlde subsydzje oan de Pleatslike Belangen193 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

MOASJE

Wurklistpunt: 12. Moasje frjemd oan de oarder fan de dei Underwerp: Yn stân hâlde subsydzje oan de Pleatslike Belangen De ried fan de gemeente Achtkarspelen yn gearkomste byinoar op d.d. 1 july 2021 Sprekt út dat:  

it beslút, nommen yn de begruttingsrie ôfrûne hjerst, om de subsydzje oan de Pleatslike Belangen stop te setten, wer ynlutsen wurdt; de subsydzje foar de Pleatslike Belangen minimaal op it hjoeddeiske nivo bliuwe moat.

En giet oer ta de oarder fan de dei. Taljochting:    

Mei it foar komme te litten as in saneamde ‘modernisearring’ en ferienings fan Pleatslik Belang dêrmei net mear sels beskikke kinne oer foldwaande eigen finânsjele middels, wurde hja beheind yn har hanneljen en aktiviteiten. Frijwillige bestjoerders wurdt dêrtroch krekt de moed ûntnaam, ynstee fan stimulearre. In gemeente, dy’t altyd mei de mûle beliedt, dat hja it fan grut belang fynt, dat fan ûnderen op de mienskip sels mei ynisjativen komt, spant no krekt mei it eardere beslút, it hynder efter de wein. It fuortbestean fan de ferienings fan Pleatslik Belang kin hjir en dêr yn gefaar komme.

FNP-Achtkarspelen,

PvdA-Achtkarspelen

Mefr. M. Dotinga-van der Veen

Dhr. T. Nicolai

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=87685048-34d7-4f79-ba9a-9e799600b238