06a - Bijlage 1 - Brief doarpshûs De Jister Twijzelerheide oer oerlis stipe oan doarpshuzen
Tekst van het document
Doarpshûs “De Jister” Administraasje Terpstra Twizelerheide E. twijzelerheide@dorpshuizen.nl
Kolleezje fan B.en W en de Ried fan de gemeente Achtkarspelen, Stasjonstrjitte 18, 9285 NH Bûtenpost Twizelerheide, 19 jannewaris 2020 Underwerp : oerlis oer stipe oan de doarpshuzen. Achte kolleezje en Ried, Neffens in kranteferslach fan de Riedsgearkomste yn desimber 2020, ha wy fernommen dat der al in moai hoart jild troch it Ryk ynsake de koroaneproblematyk beskikber steld is foar de doarpshuzen yn Achtkarspelen. Ek soe de wethâlder yn kontakt stean mei de bestjoeren fan de doarpshuzen. En sa net dat dan noch oppakke soe. Neffens de wethâlder wienen der noch gjin problemen by de doarpshuzen. Wy seagen dêr frjemd fan op. 1. Mei ús as bestjoer hat hjiroer op gjin inkelde wize oerlis of kontakt west 2. Ferline jier foar de fakânsje is jim al frege om in fergoeding foar de oanslach fan de ûnreplik-saak-belesting yn ferbân mei it omset-ferlies troch koroane. Dat is doe troch in mearderheid fan de Ried ôfwiisd. Men kin dochs boppedat wol begripe dat as de omset yn de 8 drokste moannen fan it jier stilleit en de fêste lesten wol trochgeane, dat de eksploitaasje yn de knipe komt. Dan komt dêr as tongerslach by heldere himel nochris de besunigings op it jeugd en folwoeksenenwurk yn 2022 by. Eltse moanne lizze wy no al der jild by út ús lêste reserves. Wy kinne jim no al wol sizze dat wy sa 2022 as doarpshûs net helje.
En dan te begripen dat wy no fernimme moatte dat der jild fan it Ryk , foar ús gewoan by jim op’e planke leit. Wy freegje ús ôf wêr binne jim as gemeente mei dwaande. Is al it wurk dat troch de jierren hinne troch frijwilligers dien is en syn fertuten hân hat nei de takomst gjin tel mear wurdich? Dêr komt by it breed ynisjatyf yn ús doarp om te kommen ta in MFA fan jim gjin kâns fan slagjen liket te krijen. Dêr is fan jim kant wol alfêst in meidieling oer dien. Jim ha in ekstern figuer yn de persoan fan de hear M. Beishuizen frege de plannen fan de skoalle fierder út’e te wurkjen. En ek te besjen yn en hoefier der noch mooglikheden binne fan it oanheakjen fan it doarpshûs. Fansels wolle wy dêr graach oan meiwurkje, allinne yn’t foar wolle wy fan jim as kolleezje en jim as ried witte hoe’t jim de takomst sjogge fan in doarpshûs yn’t algemien en yn ús situaasje yn’t besûnder. Wat ferwachtet de polityk yn de takomst noch fan in mienskipsromte yn in doarp? Hokker fisy ha jim dêrop? Dat sil earst dúdlik wurde moatte om te sjen as wy soks dan ek wier meitsje kinne? Hokker doel hat it om überhaupt te dreamen en of te tinken oan nije fysike doarpshúsfasiliteiten as fan de ynhâldlike funksje fan in doarpshûs net folle oerbliuwe kin.
Wy wolle datoangeande graach sa gau mooglik mei jim as kolleezje, mar ek as ried om ‘e tafel. Net allinnich oangeande de stipe, mar foaral oer in fierdere takomst op ynhâld en funksje fan ús doarpshûs. Mei freonlike groetnis, Foar it bestjoer fan “De JISTER”