06 - Bijlage 1 - Brief ynwenner gemeente - Ferkearsfeiligens Kûkhernsterpaad (LIS-stik 24-101)
Tekst van het document
Oan it Kolleezje en fan B. en W. Achtkarspelen Oan de Gemeenteried fan Achtkarspelen
Twizelerheide, 10 maaie 2024
Achte Kolleezje en Ried, Ik ha begrepen dat jimme dwaande wolle mei it opknappen en it breder meitsjen fan (fyts)paden. Sa ha jim û.o. de Kûkhernewei en it Jinkepaed yn Twizelerheide al ûnderhannen hân. In moaie 3 meter brede asfaltearre wei mei in ferhurde daam lâns de Swemmer nei de pleats Kûkherne 2.(byl.1) It Jinkepaed op ’e nei oerlape en it earder noch net ferhurde diel asfaltearre, moai op breedte fan sa’n 3,10 oant 3,40 meter brocht en trochlutsen en ek de damen goed meinaam. ( byl.2) Ek op oare plakken yn ’e gemeente hâlde jim op syn minst sa’n 3 meter oan. Men sjocht dat û.o. by Bylsma’s reed yn Gerkeskleaster, it nije ûntslútingsweike by de Brêgeloane op Lytsepost (byl. 3), Optwizel op nei de Njoggenâldemantsjes ( byl. 4) en sa mear. Allinne by ús op it Kûkhernsterpaed is dat net op oarder. Hjir wurdt in breedte oanhâlden fan skrik net 2 meter. En dat wylst hjir op it Kûkhernsterpaed in soad fytsers delkomme en in protte lju hjir kuierje. Oan de wenning Kûkhernsterpaed 2 ta moatte fytsers, lju, dy’t kuierje it fierstente smelle paad fan 2 meter diele mei auto’s, in trekker en soms mei swier motorisearre ferkear. Dat wylst der boppedat yn it trasee noch in skerpe bocht sit mei alhiel gjin sicht. Faker as ienris ûnstiene der gefaarlike situaasjes. Guon fytsers stappe út foarsoarch fan’e fyts om’t hja alhielendal net oersjen kinne wat der oankomt.
As bewenner fan ***** kin ik it leanbedriuw feitliken net komme litte om’t hja net mei harren ark op myn lân komme kinne. Buorman ***** hat allyksa gjin goede ferhurde tagong nei syn lân en wol ek graach. Jim sels as gemeente komme der jierliks ek in mannich kearen mei grut ark om te meanen, no ja jim litte it faaks dwaan. Itselde jild foar it Wetterskip om te heakkeljen en sa ek de MOA om de heakkelseadden op te romjen. (byl.5) Okkerdeis wie der in frachtwein fan Omrin om takken op te heljen. De frachtwein gie efterstefoar en sa troch de skerpe bocht nei achteren.( byl. 6 en7) De sjauffeur hie yn ’e rekken dat hy net oars koe as efterstefoar oars hie hy der net wer wei komme kinnen. Libbensgefaarlike situaasjes, dy’t wy hjir meimeitsje. Sa knoffelt der wol gauris ien fan’e fyts. En dan te begripen dat jim wol de fytspaden fan 1,5 op 2,30 bringe wolle en ús hjir sitte litte mei in 2 meter breed weike, dêr’t én fytsers én lju kuierje tegearre mei motorisearre ferkear inoar foarby moatte. Hoe falt soks te rymjen? Fandêr it fersyk : FERHEEGJE DE FERKEARSFEILIGINGS fan it Kûkhernsterpaed foar ALLE FERKEARSDIELNIMMERS en tagelyk FERBETTERING fan TAGONGLIKENS fan de persielen. Ik doch mei ekstra klam in berop op jim op grûn fan gelikense behanneling. Dêrom graach: •
IN FERBREDING FAN IT KUKHERNSTERPAED NEI MINIMAAL 3 METER
•
IN FERHURDE TAGONG NEI IT LAN
•
DE SKERPE GEFAARLIKE BOCHT DERUT.
Mei freonlike groeten,
Bylagen : 1.foto 2.foto 3.foto 4.foto 5.foto 6.foto 7.foto