CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

05 - Bijlage 1b - Bestjoersakkoart Achtkarspelen

Raadsvergadering 9 juni 2022, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Vaststellen van het bestuursakkoord “Mei-inoar”3.884 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

BESTJOERSAKKOART 2022 - 2026

FOARWURD Achtkarspelen is posityf oer de ûntwikkelings yn de kommende jierren. Op it mêd fan wenjen, wurkjen en rekrearjen komme we mei nije ambysjes en benutte we kânsen. De koalysjepartijen CDA, FNP en GBA fine dat de gemeente selsstannich bliuwe moat, mar hechtet tagelyk oan in optimale gearwurking mei buorgemeente Tytsjerksteradiel. Ek sille de bannen mei de gemeenten Smallingerland en Westerkwartier oanhelle wurde. Dit akkoart ‘Mei-inoar’ is skreaun op haadlinen wêrby’t yn de útwurking genôch romte is foar de gemeenteried en de mienskip. Hoewol’t de takomst ûnwis is, fanwege besunigings fanút it Ryk rjochting gemeenten, sjogge we dy mei fertrouwen temjitte. Dat komt troch de grutte ferbûnens yn Achtkarspelen. Ut dy ferbûnens wei is der soarch foar inoar en wurkje we gear. Mei-inoar wolle we it bêste foar Achtkarspelen. De nije bestjoersperioade geane wy mei fertrouwen temjitte troch de ferbining sykjen te bliuwen. Wy sette de skouders derûnder. Mei-inoar! Bûtenpost, juny 2022

Hoewol't de takomst ûnwis is, sjogge we dy mei fertrouwen temjitte

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 2

ynlieding In prachtige gemeente mei in protte grien dêr't it goed wenjen, wurkjen en mei-inoar libjen is

Foar jo leit it besjoersakkoart foar de perioade 2022-2026 foar ús gemeente. Wy binne grutsk op ús gemeente Achtkarspelen! In prachtige gemeente mei in protte grien dêr’t it goed wenjen, wurkjen en mei-inoar libjen is. Mei in lizzing tusken Ljouwert-GrinsDrachten, in spoarferbining en in hiel aktyf sport- en ferieningslibben kinne we konkludearje dat Achtkarspelen de moaiste gemeente fan Fryslân is en dat wolle we graach sa hâlde. Foarsjennings yn ús doarpen binne belangryk. Se foarmje mei it semint fan ús mienskip en dêrop wolle we net besunigje. We sjogge in sterk oanlûkende ekonomy en krapte op de huzemerk yn Achtkarspelen. Dêrom ha wy grutte ambysjes op it mêd fan wenningbou en útwreiding fan de bedriuwichheid. Achtkarspelen is in gemeente mei in protte ûndernimmende en inisjatyfrike ynwenners dy’t we goed fasilitearje wolle. Boargerpartisipaasje is dêrby in tige belangryk tema foar de kommende jierren. As lêste sjogge we yn Achtkarspelen it gebrûk fan middels lykas drugs en alkohol ûnder de jongerein hieltyd mear oprinnen. Dêrby rint net allinne de jongerein skea op mar ek de gesinnen en famyljes dêrefter. In belangryk tema dat in hege prioriteit krijt yn dit akkoart.

Us gemeente krijt te meitsjen mei grutte útdagings op it mêd fan finânsjes troch ûnder oare it werikerjen fan it gemeentefûns en taken dy’t fan it Ryk op ús ôfkomme sûnder dat dêrby in finansjele bydrage meikomt. Dat betsjut dat it foarlizzende akkoart realistysk is en dat mooglike besluten om besunigings troch te fieren en gemeentlike taken te werikerjen en te prioritearjen net út de wei gien wurde. Nettsjinsteande dy realiteit is dit in akkoart wêryn’t we posityf sjogge nei de takomst. Wy ha stevige ambysjes op ferskate terreinen om derfoar te soargjen dat Achtkarspelen op dit stuit net allinne de moaiste gemeente is mar ek bliuwt. De hiele gemeenteried hat it mear belûken fan ynwenners by it belied beneamd as belangryk spearpunt. Wy dogge yn dit bestjoersakkoart in pear foarstellen om de bining tusken ynwenners en de gemeente te befoarderjen lykas it oanstellen fan in doarpekoördinator, in oansprekpunt foar alle doarpen binnen de gemeentlike organisaasje. Ek it struktureel ôflizzen fan riedsbrede wurkbesites yn de gemeente oer tema’s dy’t op de politike wurklist steane, kin dêr in belangryk ûnderdiel fan útmeitsje.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 3

speArpunten CDA, FNP en GBA RIEDSPERIOADE 2022-2026

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 4

00 BestJOER en (BESTJOERS)STIPE SELSSTANNIGENS, WURKMAATSKIPPIJ EN GEARWURKING • Achtkarspelen bliuwt in selsstannige gemeente. • Wy sette yn op in ferbettering fan de gearwurking mei Tytsjerksteradiel yn de wurkmaatskippij. • Wy wolle gjin útwreiding fan mienskiplike regelingen (GR’en) en de kosten fan de hjoeddeistige GR’en meie net tanimme, oars as mei de reguliere priisindeksaasje (0-line). • De gearwurking yn ANNO hat in dúdlike mearwearde om de krêft fan de regio te fersterkjen. Wy wolle wol foldwaande sizzenskip yn ANNO (by de regiodeal stiet it bestjoer op ôfstân wêrtroch’t de gemeente gjin ynfloed mear hat op de besteging fan har eigen middels). • By evaluaasjes fan de regionale gearwurking toetse we op de oarspronklike doelstellings fan de regionale gearwurking (ferheging Bruto Regionaal Produkt), bygelyks as we de kommende riedsperioade in beslút nimme oer de ferlinging fan de regiodeal. • Wy sjogge njonken de besteande gearwurkingsferbannen goed nei de kânsen en mooglikheden foar in bettere gearwurking mei de gemeenten Westerkwartier en Smellingerlân.

BOARGERPARTISIPAASJE • Wy belûke ynwennners sa folle as mooglik by de tarieding en útfiering fan belied. • Dat dogge we net troch referinda te hâlden, mar troch by grutte ûnderwerpen it draachflak ûnder ynwenners, bedriuwen en ynstellingen te hifkjen. • Wy beslute per ûnderwerp hoe’t we ynspraak en sizzenskip foarm en ynhâld jouwe, mei as doel de goede minsken by de beslútfoarming en útfiering te belûken (maatwurk en represintatyf ). • Wy stypje boargers en organisaasjes mei eigen ideeën en inisjativen, bygelyks troch it ferbetterjen fan de leefomjouwing (boarger- en bewennersinisjativen). • It is belangryk dat ynwenners fan de gemeente fertrouwe kinne op in gemeente dy’t tsjinstber is oan de mienskip. Oarsom basearje wy belied en útfiering op fertrouwen yn de boarger en sykje we nei wegen om yn in goede gearwurking te soargjen foar in echte mienskip. • Alle doarpen krije in fêst oansprekpunt yn de gemeentlike organisaasje (doarpekoördinator).

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 5

ORGANISAASJE EN TSJINSTFERLIENING • Wy wolle it proses fan fergunningferliening hurder rinne litte en ferienfâldigje (minder burokrasy) en stribje sa folle as mooglik nei in ‘klear wylst jo wachtsje service’. • Der komt in strategysk personielsplan dat der yn alle gefallen ta laat dat we sa min mooglik eksterne saakkundigen ynhiere. • Wy sjogge kritysk nei de opbou (en de ferskate liedingjouwende lagen) fan de gemeentlike organisaasje. • It syktefersom en de wurkdruk by de wurkmaatskippij 8KTD moatte omleech. Personielsferrin, syktefersom, strategyske personielsplanning en in sûne organisaasje freegje de oandacht dy’t se fertsjinje om konkurrearend bliuwe te kinnen op de krappe arbeidsmerk. Goed wurkjouwerskip (‘boeie en bine’) is belangryk.

FINÂNSJES • Wy dogge der alles oan om it Ryk te bewegen ta in earlike ferdieling fan it gemeentefûns dy’t út te lizzen en te ferklearjen is en ûndersykje de mooglikheid om juridysk tsjin de nije ferdieling yn it gewear te kommen. We dogge dat yn de besteande gearwurking mei oare Fryske en Grinser gemeenten. • By it prioritearjen fan aktiviteiten sjogge we earst nei it belang fan (de ynwenner) fan Achtkarspelen, dan nei de belangen fan de regio (ANNO), en dêrnei yn folchoarder nei dy fan de provinsje en it Ryk. • Wy wolle gjin ferheging fan de gemeentlike tarieven oars as mei in ynflaasjekorreksje. • Wy wolle gjin ferheging fan de ûnreplik saakbelesting oars as mei de ynflaasjekorreksje. Ferheging is allinne oan de oarder as der sprake is fan majeure ynvestearrings dy’t de gemeente as gehiel te’n goede komme of wannear’t needsaaklike besunigings dit fereaskje. • Der komt gjin parkearbelesting yn Achtkarspelen. • De mooglikheden om ekstra gemeentlike ynkomsten te generearjen binne beheind.

As der troch ryksbelied besunigings of ombûgings needsaaklik binne, sykje we dy (yn willekeurige folchoarder) earst: • troch it substansjeel ferminderjen fan de ynhier fan ‘tredden’, • yn de ôfskriuwingsterminen op ynfrastruktuer en gebouwen, • yn in effisjintere húsfesting fan tsjinsten en organisaasjes, • by de wurkmaatskippij 8KTD en • yn it werikerjen fan taken en aktiviteiten op it beliedsterrein sosjaal domein. • Ûnreplik guod fan de gemeente dat gjin funksje mear hat, ferkeapje we tsjin merkkonfoarme prizen. • Ekstra taken fan it Ryk fiere we allinne út by foldwaande finansiering troch Ryk, provinsje en wetterskip.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 6

01 Feiligens OPFANG ASYLSIKERS EN FLECHTLINGEN • De sitewaasje yn de wrâld makket dat der mear minsken op ‘e flecht binne en asyl freegje. De gemeente Achtkarspelen hat in ferantwurdlikheid foar de opfang fan dy minsken yn need. Wy kieze foar lytsskalige opfang fan flechtlingen en asylsikers. • Wy wolle gjin grutskalich AZC.

IEPENBIERE OARDER EN FEILIGENS • De alkohol- en drugsproblematyk yn de gemeente freget om fersterking fan de gearwurking fan bysûndere opspoaringsamtners (BOA’s), jongereinwurkers, meiwurkers fan it gebietsteam en de plysje. • Dy yntinsivere gearwurking draacht by oan betide sinjalearring fan de problemen efter de foardoar. • Wy rjochtsje ús op de sitewaasje yn gesinnen en sette yn op previnsje. • Der komt ien (op jongerein rjochte) BOA ekstra. Hy of sy hat benammen in previntive taak en ûnderhâldt dêrom goede kontakten mei de jongerein fan Achtkarspelen en hâldt him yn it feiligensdomein fierders dwaande mei parkearen en de oerlêst fan drank- en drugsgebrûk. • Wy sette ûnderfiningssaakkundigen yn op skoallen en/of sportferienings dy’t foarljochting jouwe oer alle foarmen fan ferslaving. • It kolleezje set yn goed oerlis mei de plysje yn op mear sichtberens fan ‘blau’ op ‘e dyk. • De plysjepost Bûtenpost bliuwt bestean. We stribje nei in fêst ûnderkommen foar de plysje yn Surhústerfean. Dat soe kombinearre wurde kinne mei húsfesting fan de (ekstra) BOA’s. • Wy befoarderje it bewustwêzen fan alle meiwurkers yn de gemeentlike organisaasje om de tanimmende ûndermining yn de mienskip te sinjalearjen en te ûnderkennen. • Wy wolle gjin fierdere beheinings fan de mooglikheden foar it ôfstekken fan fjoerdwurk en karbidsjitten, om’t we dat ta de kultuer fan Achtkarspelen rekkenje.

Achtkarspelen is gjin foarstanner fan in ferbod op fjoerwurk of karbid om âld en nij hinne. • De brânwachtkorpsen fan Bûtenpost, Surhústerfean en Droegeham bliuwe bestean. De gemeente stipet it aktyf oanlûken, oplieden en behâld fan frijwilligers foar de brânwachtkorpsen. • Yn it noch fêst te stellen ‘ketebelied’ wolle wy ‘húskeamerketen’ tastean. Keten meie net (semy)kommersjeel wêze. Gedoge fan ‘húskeamerketen’ mei der net ta liede dat de gemeente juridysk mei ferantwurdlik is/wurdt.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 7

02

Ferkear, Ferfier en wettersteat

BERIKBERENS • Wy realisearje in twadde ûntsluting fan it bedriuweterrein Lauwerskwartier Surhústerfean. • Wy sette yn goed oerlis mei de provinsje yn op in akwadukt by Koatstertille.

FERKEARSFEILIGENS • Wy fine de feiligens fan fytsers en fuotgongers wichtich. • Wy ferbetterje dy feiligens dêr wêr’t dat mooglik is troch it ferbreedzjen fan fytspaden (e-bikes), de oanlis fan werkenbere fytsstroken of troch in goede (LED)ferjochting op of njonken de dyk. • It Langfal wurdt feiliger foar fytsers en fuotgongers. Wy stribje nei de oanlis fan in fytspaad lâns It Langfal. • Wy soargje derfoar dat fytsers feilich oerstekke kinne fan de Skieding nei Strandheem. • Wy meitsje yn oerlis mei de provinsje de ferkearssitewaasje op de krusing Reitsmastrjitte/ Betonwei yn De Harkema feiliger. • By Surhuzum komt in fytstunnel ûnder de N358 sadat fytsers en fuotgongers feilich oerstekke kinne. • Wy treffe strukturele maatregels (gjin ‘betonnen ferkearsblokken’) om it slûpferkear yn Stynsgea, Koatstertille en Surhuzum tsjin te gean. • Wy trune der op oan dat der gau in ovonde komt op de krusing Ryksstrjitwei en it Wyldpaedwest sadat alle ferkear út Twizelerheide feilich oerstekke kin. • By de provinsje trune we oan op it langer meitsjen (ferlingjen) fan de passearstroken foar trekkers. • Yn ‘e mande mei de provinsje en gemeenten ynvestearje we yn flugge fytsferbinings nei Ljouwert, Grins en Drachten.

MEAR OPLAADPUNTEN • It is belangryk dat der mear oplaadpunten komme foar auto’s en fytsen.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 8

03 EkOnOmy en LânbOU ALGEMIEN • Wy befoarderje wêr’t dat mooglik is it ûndernimmersklimaat troch bygelyks de fergunningferliening foar ûndernimmers en bedriuwen te ferienfâldigjen en flugger ôf te hanneljen. • Wy wolle wêr’t dat mooglik is besteande bedriuweterreinen útwreidzje, fersterkje en trochûntwikkelje. • It bliuwt oeral yn de gemeente mooglik om gratis te parkearen. • Wy ha prachtige grutte en lytse bedriuwen yn ús gemeente. Dy bedriuwen krije maksimale meiwurking om harren ambysjes te realisearjen. • Wy helpe ûndernimmers by it starten fan in bedriuw troch stypjende kursussen oan te bieden (bygelyks marketing/ administraasje). • Yn gearwurking mei de skoallen belûke we jongeren by ekonomyske projekten yn de gemeente. It is belangryk dat jongeren staazjerinne by lokale bedriuwen. • De bankêre tsjinstferliening yn de gemeente moat better. Ûndernimmers moatte yn de grutte kearnen harren jild ôfstoarte kinne. Foar ynwenners moat it mooglik wêze om op publyk tagonklike plakken 24 oeren deis jild te pinnen. Wy wolle yn goed oerlis mei ‘Geldmaat’ dy tsjinstferliening ferbetterje. • Ynkeap en oanbesteegjen dogge we sa folle as mooglik (mearfâldich) ûnderhans by lokale ûndernimmers en by represintaasje besteegje wy omtinken oan regionale (itens)waar.

• Lytse en hobbymjittige aktiviteiten by wenbestemmings steane we binnen de wetlike mooglikheden ta as der gjin sprake is fan oerlêst en fersmoarging (‘Ja, mits’). • It sintrum fan Bûtenpost krijt in facelift, oare doarpskearnen moatte oantreklik wêze en bliuwe troch wêr’t dat nedich is de ynfrastruktuer te optimalisearjen. • Wy stimulearje de oanlis fan glêsfezel yn de hiele gemeente.

LÂNBOU • Wy wurkje sa folle as mooglik mei oan it opsetten fan in twadde bedriuwstak (bygelyks ‘kampeare by de boer’) yn de agraryske sektor en oan de werbestimming fan frijkommende pleatsen en wennings. • Wy geane foar in fitale lânbousektor yn Achtkarspelen. Dy sektor is essinsjeel foar de leefberens yn ús gemeente en soarget foar de oanklaaiïng fan ús lânskip. • Wy steane útwreiding fan yntinsive feehâlderijen ta as der sprake is fan miljeuwinst foar de omjouwing of ferbettering fan it bistewolwêzen. • Wy stypje agrarysk natuer- en lânskipsbehear. • Wy wolle gjin Natura 2000-gebieten. Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 9

04 ÛNDERWIIS FOARSJENNINGS • Alle doarpen ha in basisskoalle, in doarsphûs, kluphûs of multyfunksjoneel sintrum. • It besteande oanbod fan berne-opfang, basisskoallen en fan skoallen foar fuortset ûnderwiis (fan alle nivo’s) bliuwt bestean. • Wy sette yn op de klustering fan takomst hawwende foarsjennings yn de doarpen, te begjinnen mei Twizelerheide.

OANBOD FAN ÛNDERWIIS • De letterswakkens yn de gemeente freget om in doelrjochte oanpak. Om letterswakkens foar te kommen stimulearje we it oanbod en it gebrûk fan foar- en ierskoalske edukaasje (VVE). • Wy stimulearje it oanbod fan ‘fakûnderwiis’ yn de gemeente. • Wy fine it belangryk dat bern fia de basisskoalle betiid yn kontakt komme mei de pleatslike muzykferienings. Muzykûnderwys is it foarportaal fan in bloeiend ferieningslibben. • Wy stimulearje it Frysk en de meartaligens (Frysk, Nederlânsk en Ingelsk) yn it ûnderwiis mei de skoallestiper. • De gemeente set har yn om de doelstellings fan it taalbeliedsplan ta in sukses te meitsjen. • Alle skoallen ha it A-profyl as it giet om de Fryske taal. • It moat foar alle bern mooglik wêze om in swimdiploma te heljen. Foar de minima bliuwt der in stiperegeling om swimles yn eigen gemeente mooglik te meitsjen.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 10

05

SpOrt, kultuer en rekreaasje

SPORT • Sport en bewegen is berikber foar elkenien. • Wy ferpleatse de sportfjilden yn Surhústerfean om temjitte te kommen oan de hjoeddeistige easken foar de akkommodaasje fan de fuotbalferiening, mar ek om wenningbou, bedriuwichheid en werûntwikkeling fan it bedriuweterrein mooglik te meitsjen. • Bliuwende stipe fan de swimbaden yn Surhústerfean en Bûtenpost. • Ynvestearje yn de iepen-klup-gedachte foar sportferienings, lykas bygelyks by de fuotbalferiening SC Twizel en de tennisferiening (TSO) fan Surhústerfean. • Ynvestearje yn en stimulearje fan ferienings op sawol it mêd fan sport as kultuer (evenemintesubsydzjes, subsydzjes foar leefberens). • Yn meardere doarpen bestiet belangstelling foar it realisearjen fan in mountainbikerûte. We ferbine de inisjativen as bygelyks dy yn Droegeham, Koatstertille, De Harkema en Surhústerfean en slute oan op besteande netwurken yn de regio, sadat der in breed, rekreatyf netwurk ûntstiet. • Gjin ferheging fan de tariven foar de sport. • Wy stimulearje de komst fan grutskalige (sport)eveneminten yn Achtkarspelen. • Bern betiid yn kontakt bringe met ferskate sporten op de basisskoalle. • Jongerein bringe we yn kontakt mei de ferskate sporten en we litte harren yn ‘e kunde komme mei kultuer.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 11

KULTUER • Wy sette ús yn foar it behâld fan in bibleteek yn it sintrum fan Surhústerfean en Bûtenpost, en wêr’t dat mooglik is fersterkje we de bibleteekfunksje (bygelyks foarljochting feilich bankiere). • Wy sille de muzykskoalle de Wâldsang stypjen bliuwe foar de útfiering fan in breed takepakket. • Koaren en korpsen binne ûnmisbere skeakels yn fitale doarpen en kearnen. Wêr’t dat mooglik is stypje we de koaren en korpsen. • RTV NOF as lokale publike omrop stypjen bliuwe. • De sichtberens fan de Fryske taal yn de iepenbiere romte is belangryk. We fiere it besteande belied út om gemeentlike namme- en ferwiisbuorden yn de Fryske taal te setten en stimulearje it gebrûk fan dy Fryske taal. • Wy wolle mear bekendheid jaan oan de blomrike skiednis fan de doarpen yn Achtkarspelen troch bebuording en ynformaasjepylders mei histoaryske ynformaasje. • Der komt in nij museumbelied dat derfoar soarget dat besteande musea en kulturele hotspots behâlden bliuwe en wêr’t dat mooglik is de romte krije om út te wreidzjen. • Frijwilligers binne de motor fan in soad ferienings. Der komt belied om frijwilligers te boeien en te binen. • Wy ûndersykje de mooglikheden foar in fierdere profesjonalisearring fan de Spitkeet. • Wy ha de ambysje om mear te dwaan oan it behâld fan karakteristike en byldbepalende pannen. • Wy sille eveneminten subsidiearjen bliuwe.

• De brêge oer de Twizeler Feart reparearje.

REKREAASJE • Wy sette yn op fersterking fan de rekreative sektor yn de gemeente. • Wy stelle nij belied op foar rekreaasje en toerisme dat we benammen taspitse op de (takomstige) mooglikheden fan de gemeente Achtkarspelen. • Yn dat belied is der foldwaande romte foar rekreaasje en inisjativen fan boargers. Dy inisjativen fasilitearje wy en wy soargje foar in linige fergunningferliening. • Der komt fan de rotonde by Koartwâld ôf in (kuier)ferbining nei it Blôde Fuottenpaad oan de Kaleweg. We pakke ien en oar oan yn kombinaasje mei de Fryske Dyk yn ‘e mande mei ûnder mear Wetterskip Fryslân. • Wy ynvestearje yn histoaryske fyts- en kuierpaden yn oerlis mei de wurkgroep út de Federaasje fan Pleatslike Belangen.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 12

06 SOSJAAL DOMEIN ALGEMIEN • Wy geane út fan in ynklusive maatskippij wêr’t elkenien meidocht en deselde kânsen krijt. • In stevige lobby foar mear jild foar de útfiering fan taken op it sosjaal domein. • Utjeften yn it sosjaal domein moatte behearsber bliuwe. Wy sjogge dêrom kritysk nei (de effisjinsje yn) de útfiering fan taken. It op ‘e nij besjen fan taken en aktiviteiten is mooglik. • Wy sjogge kritysk nei de ‘opbringsten’ fan projekten fan profesjonele organisaasjes.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 13

PARTISIPAASJE • It earmoedebelied hâlde we op 130%. • Fan ynwenners dy’t rjocht hawwe op in útkearing en dy’t by steat binne om te wurkjen, ferwachtsje we dat se in part fan harren tiid nuttich besteegje oan de maatskippij. • De MOA sil de Wet sjosjale wurkfoarsjenning (WSW) útfieren bliuwe. Caparis fiert it oare part fan beskut binnen út en sil dat ek dwaan bliuwe. Dêrnjonken sil de MOA reyntegraasjetsjinstferliening bieden bliuwe oan ynwenners fan Achtkarspelen dy’t in bystânsútkearing krije en op (grutte) ôfstân fan de arbeidsmerk steane. De organisaasjestruktuer fan de MOA wiziget net, de MOA bliuwt in stifting dêr’t it kolleezje it bestjoer fan foarmet. • Wy sille ynsetten bliuwe op wurk-learprojekten as bygelyks ‘Beurtschip’ en ‘Spitkeet’ dy’t bewize suksesfol te wêzen yn de útstream fan minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk nei regulier wurk.

SOARCH • Besunigins meie der net ta liede dat it nivo fan de soarch omleech giet of liede ta hegere kosten yn de takomst. • Betide sinjalearring en yntervinsjes oan ‘de foarkant’ komme kostestigingen yn de takomst tefoaren. • Wy wolle tefoaren komme dat soarchoanbieders grutte winsten meitsje. • Wy evaluearje de proef yn De Harkema mei in praktykstiper jeugd by de húsdokter mei as doel om de positive ûnderfinings te behâlden foar de takomst. • Wy sjogge kritysk nei de útfiering en konsekwinsjes fan it nije ynkeapbelied en yn it bysûnder nei de WMO ynkeapproseduere foar kwetsbere âlderein (68+), wêrby’t it belang fan de kliïnt altyd foarop stiet, mei omtinken foar de lytsskalige soarchoanbieders yn Achtkarspelen. • Wy sille mear tafersjoch hâlde op de kwantiteit en kwaliteit fan de levering fan soarch troch soarchoanbieders. • Echtskiedings binne foar alle belutsenen yn in protte opsichten yngripend. De wurkwize fan it gebietsteam rjochtet him primêr op de fiergeande konsekwinsjes dy’t it hat foar bern.

SOSJAAL-KULTUREEL WURK • Wy ûndersykje de mooglikheid om de doarps- en kluphuzen te kompensearjen foar de ûnreplikesaakbelesting. • De subsydzje foar it sosjaal kultureel wurk moat sa folle as mooglik op grûn fan aktiviteiten streekrjocht telâne komme by de frijwilligers dy’t soargje foar ‘de Mienskip’ yn de doarpen. Dy subsydzjeferstrekking is earlik en transparant en ûntfangers fan subsydzje ferantwurdzje de subsydzje op haadlinen.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 14

07

FOlkssûnens en miljeu

FOLKSSÛNENS • Yn alle doarpen binne der foldwaande defibrillators (AED’s) en wy soargje derfoar dat ynwenners goed op ‘e hichte binne fan dy foarsjenning. • Wy stimulearje húsdokters om harren te festigjen yn de doarpen troch bygelyks mei te wurkjen oan in needsaaklike wiziging fan de bestimming.

MILJEU EN DUORSUMENS • Wy stimulearje en ‘ferliede’ ynwenners ta it treffen fan duorsumheidsmaatregels, wy meitsje harren bewust fan nut en needsaak fan ôffalreduksje en ôffalskieding mar wy twinge se net. • Wy folgje kwa ambysje it provinsjaal of lanlik belied as it giet om duorsumens. • Wy wolle gjin sinneparken op agraryske grûn of yndustryterreinen, we stimulearje de oanlis fan sinnepanielen op wennings, bedriuwen en iepenbiere parkearterreinen. • Lytse wynmûnen steane we ta en we stimulearje it isolearjen fan wennings. • Wy stimulearje enerzjykoöperaasjes. • It enerzjyloket fan de gemeente wurdt evaluearre. • Belangryk by dy evaluaasje is de fraach oft de foarljochting de ynwenners fan de gemeente mei in lytse beurs wol foldwaande berikt en oft de gemeente de mooglikheden om dy doelgroep binnen de lanlike regelingen te stypjen wol maksimaal benut. • Wy stimulearje it gebrûk fan elektryske auto’s troch wêr’t dat mooglik is oplaadpunten by iepenbiere parkearplakken oan te lizzen. • Wy trune by de netwerkbehearder oan op in ferbettering fan de ynfrastruktuer foar it weromleverjen fan stroom oan it netwurk. • Wy steane foar kwalitatyf goed ûnderhâld fan it gemeentlik grien, mei each foar bioferskaat en feiligens.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 15

08

FOlkshúsfesting, rOmtlike Oardering en dOarpsfernijing

WENNINGBOU • Wenningbou yn alle doarpen nei aard, skaal en behoefte útwreidzje. • In multydisiplinêre oanpak en mear rezjy (bygelyks yn in stjoergroep) soarget derfoar dat we alle behinderings weinimme om wenningbouplannen fluch ta útfiering te bringen en inisjatyfnimmers maksimaal stypje en begeliede. • Wy jouwe wêr’t dat mooglik is de foarkar oan ‘ynbreidzjen’ (‘binnenstedsk bouwe’), boppe ‘útwreiding’ (‘bûtenstedsk bouwe’). • Wy wolle dat der op koarte termyn mear sosjale hierwennings boud wurde. Dat dogge we troch noch in wenningboukoöperaasje te finen dy’t sosjale libbensrinbestindige hierwennings bouwe wol of troch mei private partijen en/of partikuliere inisjatyfnimmers prestaasje-ôfspraken te meitsjen. • By it meitsjen fan prestaasje-ôfspraken mei wenningboukorporaasjes sette we yn op it flugger ferduorsumjen fan hierwennings mei as doel legere enerzjylesten foar hierders. • Belangryk ûnderdiel fan de prestaasje-ôfspraken is ek it tsjingean fan ferstienning fan de tunen yn ús gemeente. • Wy fasilitearje en stimulearje nije wenfoarmen as ‘Lytse wenten’ en âldereinhofkes. • Wy steane de bou fan soarch- en pré-mantelsoarchwennings ta op it eigen hiem. • Wy ha de ambysje studinte-units te realisearjen yn de buert fan it stasjon yn Bûtenpost. • Boargerinisjativen foar wenningbou stypje we wêr’t dat mooglik is.

FOARKARSBELIED EN GRÛNBELIED • In húsfestingsferoardering en/of doelgroepeferoardering hat as doel dat starters yn ús gemeente mear kânsen krije op in wenning. • De gemeente wol yn oerlis mei ûntwikkelers by nije projekten sjen nei in selsbewennigsplicht en de mooglikheden om in part fan de nijbou te reservearjen foar ynwenners út eigen doarp mei in sosjaalekonomyske bining mei in doarp sûnder al tefolle regels en útfieringslesten. • De gemeente nimt it heft yn hannen troch de strategyske oankeap fan grûn foar wenningbouw (aktiver grûnbelied).

FERPAUPERING • Wy dogge der alles om de ferpaupering fan de doarpen tsjin te gean.

Bestjoersakkoart 2022 - 2026

SIDE 16

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=85fd389e-d75a-4bd2-b1bc-77d17ebb271d