CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

05 - Bijlage 1 - Beantwurding skriftlike fragen oer bystân en boadskippen

Informatiecarrousel 18 maart 2021, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Beantwurding skriftlike fragen oer bystân en boadskippen766 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Beantwoording schriftelijke vragen artikel 47 Reglement van Orde Kenmerk van de vraag Datum indienen vraag Naam vraagsteller Portefeuillehouder Ambtenaar Datum akkoord college Zaaknummer

: : : : : : :

21-01 4 januari 2021 Hr. T.O. Brinkman Mefr. P.M. Jonker Hr. J. Jager 3 februari 2021 Z2021-00625

Underwerp Bystân en boadskippen Op 4 jannewaris 2021 hat de FNP-fraksje skriftlike fragen steld oer bystân en boadskippen. Hjirûnder fine jo de fragen en de reaksje dêrop fan it kolleezje: Ynlieding Nei de ‘toeslagenaffaire’, is der no de ‘boadskippe-affaire’. Yn de gemeente Wijdemeren moat in frou € 7000 wer werombetelje om’t sy wykliks wat boadskippen fan har mem krige. Dit hie se melde moatten. Ek yn de gemeente Hearrenfean itselde gefal. Fragen 1. Is it kolleezje op de hichte fan dizze gefallen? 2. Hawwe der yn it ferline lyksoartige gefallen spile? En/of spylje der op dit stuit yn ús gemeente ek lyksoartige gefallen? 3. Sa ja, wat binne de oantallen, útkomsten ensfh.? 4. Hoe giet it kolleezje yn lyksoartige gefallen hjirmei om? Leverje jimme yn alle reedlikens maatwurk? Of foarderje jimme wer werom? 5. Hoe giet it kolleezje om mei it jaan fan boadskippen troch freonen as famylje ta in beskate hichte? 6. Is it kolleezje it mei ús iens dat pakketten fan bygelyks de ‘voedselbank’, ‘kledingbank’ en ‘speelgoedbank’ technysk sjoen ek in wearde fertsjinwurdigje? 7. Wat is it ferskil tusken pakketten dy troch famylje as freonen jûn wurde en pakketten fan de ‘voedselbank’? 8. Is it kolleezje it mei ús iens dat yn de feroardering lyksoartige fan pakketten oangeande de partisipaasjewet op 0 fêststeld wurde moatte? Dat betsjut yn de praktyk dat dit net opjûn hoecht te wurden.

Reaksje kolleezje 1. Ja, wy ha dit nijs fansels ek meikrigen. 2. Soksoarte gefallen as it weromfoarderjen fan bystân oer it krijen fan boadskippen ha him yn de gemeente Achtkarspelen noch nea foardien. Der binne wol oare gefallen west wêr ’t bystân weromfoardere is. 3. Net fan tapassing. 4. Wy wolle graach maatwurk leverje en yn soksoarte sitewaasjes sjen wêr ’t wy jeften frijlitte kinne. Wy brûke dêr de ynformaasje foar, dy’t de belutsen ynwenner yn it ramt fan de útkearing mei ús diele moat.

Side

:

2

Wy sjogge nammentlik de ynlichtingenplicht it leafst net allinne as in middel om de rjochtmjittigens fan de útkearing kontrolearje te kinnen, mar ek as in sinjalearingsmiddel om nei te gean wêr ’t de ynwenner stipe en help fan de gemeente by brûke kin. Mei inoar besykje wy dan om de ynwenner finansjele rêst te jaan. 5. De Partisipaasjewet jout de mooglikheid om jeften frij te litten, as dat fanút in eachpunt fan bystân ferantwurde is. Wat dat krekt is, is op foarhân net te sizzen, mar it hinget gear mei it al dan net hawwen fan in struktureel karakter en de wearde fan de jefte. Kriget in bystânsgerjochtigde inkeld ris wat fan in oar, lykas in tas mei boadskippen, dan kin dat frijlitten wurden. Kriget dizze ynwenner wykliks in tas mei boadskippen, dy’t dochs in sekere wearde fertsjintwurdiget, dan is it net mear ferantwurde om dit frij te litten foar de bystân. As de bystânsgerjochtigde soks net oan ús trochjout dan kin it oan it ljocht komme by in rjochtmjittigensûndersyk nei oanlieding fan in sinjaal, bygelyks troch in kontrôle fan de yn- en útjeften op de bankôfskriften. In oare foarm fan kontrôle fynt hjir net op plak. De Partisipaasjewet jout ús hjir net in soad romte: bystân moat nammentlik sjoen wurde as in ‘minimumfoarsjenning’. Jo krije in ynkommen fan de oerheid as jo sels net yn it ynkommen fersjen kinne.

As der op in oare wize yn fersjoen wurdt, dan bestiet gjin rjocht op bystân, útsein de gefallen wêr ’t in jefte frijlitten wurdt, fansels. 6. Ja, dat kloppet. 7. In pakket fan de Voedselbank is sa’n foarbyld fan in gift dy’t frij litten wurde kin. De finansjele posysje fan in ynwenner dy’t hjirfoar yn oanmerking komt is troch de omstannichheden (skulden en beslagen, ensfh.) sa slim dat der echt te min jild is om iten te keapjen. Dêr komt noch by dat it krijen fan in pakket fan de Voedselbank altyd tydlik is. 8. Nee, dat binne wy net mei jimme iens. Wy sjogge op dit stuit yn de Partisipaasjewet noch gjin mooglikheden om dit sa fêst te lizzen. It opnimmen fan bepalingen yn ús eigen regels dat foar in part net mear oan de ynlichtingenplicht foldien hoecht te wurden soe stridich wêze mei de Partisipaasjewet. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen, siktaris,

boargemaster,

hr. mr. M.P. de Jong

hr. mr. O.F. Brouwer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=43e435c6-1406-4ef8-b83c-2bd4242f513d