CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

04 - Vastgesteld geamendeerd bestuursakkoord gemeente Achtkarspelen 2026-2030 'Mei-inoar tsjinstber'

Raadsvergadering Beslút 31 augustus 2026, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Bestuursakkoord gemeente Achtkarspelen 2026-2030 ‘Mei-inoar tsjinstber’9.794 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen · deel 2 van 2

21 BESTJOERSAKKOART 2026-2030 PROGRAMMA 8: FOLKSHÚSFÊSTING, ROMTLIKE OARDERING EN WENNINGBOU Yn Achtkarspelen steane wy de kommende bestjoersperioade foar betsjuttingsfolle opjeften dy’t streekrjocht reitsje oan de leefberens en it karakter fan ús gemeente. It oplossen fan it wenningtekoart hat dêrby ús hege prioriteit. Spesjaal omtinken hawwe wy foar starters, jongerein en âlderein, sadat sy yn de eigen gemeente wenjen bliuwe kinne. Wy bouwe fierder op de wenningbouprojekten dy’t de ôfrûne perioade goed op stoom kommen binne, mar wy binne der noch net. Wy wolle projekten mei faasje oppakke en dêr’t it mooglik is ekstra maatregels nimme om earder bouwe te kinnen. Njonken dizze folkshúsfestingsopjefte lizze der grutte útdagingen op it mêd fan de romtlike oardering. De foarkarsrûte dy’t foarsteld is foar in nije heechspanningsferbining hat grutte gefolgen foar ús ynwenners. Boppedat rekket dy ús unike kûlisselânskip en de kânsen foar rekreaasje en toerisme. Dêrnjonken nimme wy op in ferantwurde wize ús maatskiplike ferantwurdlikens oangeande de lanlike opjefte foar de opfang fan frjemdlingen.

22 BESTJOERSAKKOART 2026-2030 ÚTGONGSPUNTEN • Wy wolle dat starters mei in sosjaal-ekonomyske bining mei de gemeente mear kâns krije op in wenning. • By nije projekten sjogge wy nei in selsbewenningsplicht en de mooglikheid om in part fan de nijbou te reservearjen foar ynwenners mei in sosjaal-ekonomyske bining mei de gemeente, sûnder al te folle regels en útfieringslêsten. • Wy fiere in leechstânsbelesting yn foar wenten dy’t langer as tolve moanne leech steane. • De koälysjepartijen nimme harren ferantwurdlikens en ferbine har oan de útfiering fan de Spriedingswet. It foldwaan oan dy wetlike opjefte is in fêststeand feit, om’t de minister de gemeente dêr skriftlik oer ynformearre hat en de Ryksoerheid úteinset is mei aktive hanthavening, wat liede kin ta “yn it plak stellen” . Dat betsjut dat wy dan sels gjin rezjy mear hawwe. Dêrom meitsje wy de bewuste kar om sels de rezjy te hâlden, sadat wy rjocht dogge oan de draachkrêft en it karakter fan ús gemeente. Ferskate opfangmodellen wurde iepen en transparant ôfwoegen op helberens en ympakt, wêrby’t ek sjoen wurdt nei regionale gearwurking. Dêrby folgje wy in soarchfâldich partisipaasjeproses om ta in heldere útlis en ûnderbouwing te kommen nei de ried en de mienskip ta oer de ferskate opsjes en de byhearrende gefolgen, sadat in breed ôfwoegen kar mei safolle mooglik draachflak makke wurde kin.

• Wy sette it besteande belied foar de opfang fan Oekraïners fuort, mei de beweging fan needopfang nei mear duorsume opfang. • It belied foar statushâlders wurdt fuortset. • Wy binne fûl tsjin de foarkarsrûte fan de nij te bouwen 380 kV-heechspanningsferbining (Vierverlaten–Ens) troch ús unike kûlisselânskip en meitsje ús grutte soargen oer de gefolgen foar omwenners. Mocht de foarkarsrûte dochs de definitive rûte wurde, dan easkje wy foar de omwenners in ferbettere opkeapregeling en in romhertige tapassing fan de neidielkompensaasje. Dêrnjonken sette wy yn op in ferbettere gebietsfûnsregeling (no € 150.000 per strekkende kilometer, sa’n € 2,1 miljoen euro yn totaal) om de skea oan ús lânskip te kompensearjen. • Wy sette yn op de útwreiding fan de wenningbou yn alle doarpen nei ‘fraach en ferlet’ . Dêrby is sawol ynbreiding as útwreiding fan de doarpen mooglik. • Wy jouwe in ekstra ympuls oan de wenningbou en stelle dêr jild foar beskikber om op koarte termyn ta fersnelling te kommen yn de foarm fan in fersnellingsplan. • Wy fasilitearje en stimulearje nije wenfoarmen, lykas lytse wenten, âldereinhofkes en wenjen op eigen hiem. • Boargerinisjativen foar wenningbou stypje wy dêr’t dat mooglik is. • Wy ferromje de mooglikheden foar heechbou op lokaasjes dêr’t dat ferantwurde kin en passend is yn de situaasje.

• Wy pleitsje foar in aktive oanpak fan fertutearze pannen om ferpaupering fan de doarpen tsjin te gean.

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://achtkarspelen.bestuurlijkeinformatie.nl/Document/LoadAgendaItemDocument/7f31a512-a90a-49f6-b257-43b0a6e2adeb?agendaItemId=deabf77e-0dbf-474b-ad23-d32237391aa5