04 - Raadsvoorstel - Beäntwurding skriftlike fragen FNP oer skoallen yn tinbefolkte gebieten
Tekst van het document
Riedsútstel
Ynformaasjekarrûsel Agindapunt Status Program Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmer
: : : : : : : :
12 december 2024 4 Informerend/Informatiestuk Programma 4 - Onderwijs Dhr. J.E. Boerema Dhr. S.J. Nauta Z2024-03219 / S2024-20944
Underwerp Beäntwurding skriftlike fragen FNP oer skoallen yn tinbefolkte gebieten Wy stelle jo foar kennis te nimmen fan: De beäntwurding fan de skriftlike fragen fan de FNP-fraksje oer skoallen yn tinbefolkte gebieten. Agindearring ynformaasjekarrûsel De FNP-fractie heeft de beantwoording van de schriftelijke vragen over scholen in dunbevolkte gebieden geagendeerd voor de informatiecarrousel. Er is gevraagd om wat meer uitleg over de beantwoording. Ynlieding Yn it nije regearprogramma kinne we lêze dat de lytseskoallen-taslach feroare wurdt yn in tinbefolkens-taslach. Sa’t jo witte, binne der al guon skoallen sletten yn de regio, wat tige spitich is. De (lytse) doarpen hawwe steeds minder skoalbern en de druk op it ûnderwiis wurdt grutter. Fragen 1. Binne der al skoallen yn ús gemeente dy't gebrûk meitsje fan dizze regeling? 2. Wat feroaret der krekt oan dizze regeling? 3. Wat binne de konsekwinsjes fan dizze feroaring foar de skoallen yn ús gemeente? 4. Wat kin der mei dizze jilden dien wurde? Reaksje kolleezje (Bron: de PO-raad/VOS-ABB) Dit is wat men no wit kwa rjochting. It is op dit stuit dus noch net regele. Doel is it oanpakken fan de lytse skoallen yn grutte stêden. Dit yn ferbân mei it leararetekoart. No krijt eltse skoalle lytser as 145 learlingen noch lytseskoalle-taslach (wat lytser de skoalle wat heger de taslach).
De regeling stiet no los fan de befolkingstichtens, en dat wolle se feroarje. De taslach wolle se dan koppelje oan de opheffingsnoarm fan alle gemeenten ôfsûnderlik. De opheffingsnoarm is relatearre oan de befolkingtichtens. No is it noch sa datst mear jild krijst ast fierder ûnder de opheffingsnoarm komst; dan net mear. Der is in wetswiziging foar nedich. It doel is dat de minister yn desimber mei in keamerbrief komt. Om’t it om in wetswiziging giet wurdt it nei ferwachting net foar 2030 foardat it echt barre sil.
Ynformaasjekarrûsel Punt Side
: 12 december 2024 : 4 : 2
Hoe’t it der krekt út komt te sjen en wat de gefolgen binne is dreech te foarsizzen. It kin ek samar wêze dat it hiel oars wurdt troch de lobby van skoallebestjoeren of gemeenten.
De taslach soarget derfoar dat ek lytsere skoallen genôch personiel yn tsjinst nimme kin. Troch de lytse skoalle temjitte te kommen yn de kosten kinne se bestean bliuwe en bliuwt it ferskaat yn it primêr ûnderwiis behâlden. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen, sekretaris,
boargemaster,
dhr. mr. M.P. de Jong
dhr. mr. O.F. Brouwer