CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

04 - Fragen FNP - Wenningbou oan de Piterpôlle yn Twizel

Raadsvergadering 10 april 2025, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Vragenhalfuur190 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragehealoerke fan 10 april 2025

Underwerp: Wenningbou oan de Piterpôlle yn Twizel

Achte kolleezje, Juster, 9 april 2025, wie de FNP oanwêzich by de gearkomste fan Pleatselik Belang Twizel. Der is in soad lilkens yn it doarp oangeande de SWA-wenten op de Piterpôlle. Der binne 10 wenningen dy’t no 3 jier leech steane en der fertutearze by lizze. Ratten, fernielings en in ferskriklik doarpsbyld binne it resultaat. Doarpen dy’t letter wiene as Twizel binne no wol klear. Wy hawwe de folgjende fragen: 1. 2. 3. 4.

Is it kolleezje it mei ús iens dat yn in tiid fan wenningneed dit dochs net kin? Hoe kin it dat dizze leechstân 3 jier lang duorret? Hat it kolleezje oerlis hân mei de SWA oer dizze sitewaasje? Wêrom binne dizze huzen drekst sluten en net brûkt foar tydlike ferhier oan bygelyks jongerein? 5. Hat in lyts doarp in oare status as grutte doarpen? 6. Kin it kolleezje sa gau as mooglik yn oerlis gean mei de SWA om dizze sitewaasje op te lossen?

Ut namme fan de FNP-fraksje, Sake van der Meer

Bylage: de hjoeddeistige sitewaasje

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=423542cc-859a-440b-8ed5-46bac668f184