04 - Fragen FNP - PFAS
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoerke fan 18 april 2024
Underwerp: PFAS Foarsitter, De FNP-fraksje hat al earder fragen steld oer PFAS. Doe gong it oer PFAS yn omtoffelaaien. Op ‘e nij hawwe we fragen oer PFAS. Op dit stuit steane der eins alle dagen wol stikken yn de deiblêden oer dit fenomeen. Op tongersdei 28 maart stie der op de foarside fan de Ljouwerter Krante: ‘104 PFASplekken in beeld’. Yn dat artikel wurde in hiel soad plakken en lokaasjes neamd dy’t yn potinsje in grut risiko foarmje om yn oanmerking te kommen foar PFAS-fersmoarging. Dêrfan lizze der 74 yn doarpen, stêden of grûnwettergebieten. Foarsitter, dizze ynformaasje koene we lêze yn it PFAS-rapport fan Antea. De FNP hat dan ek de folgjende fragen: 1. Binne der by ús yn de gemeente Achtkarspelen ek lokaasjes bekend der’t yn de grûn en ek yn it wetter fersmoarging fan PFAS fûn is? 2. Is der by ús in de gemeente ek ûndersyk dien nei PFAS-fersmoarging en binne der ek lokaasjes bekend dy’t in heger risiko hawwe? 3. Ha der ek oerlizzen mei de Feilichheidsregio en Wetterskip Fryslân oer dizze PFASfersmoarging west? 4. Binne de lokaasjes dêr’t PFAS-fersmoarging yn Fryslân is ek besprutsen mei Wetterskip Fryslân en de Feilichheidsregio? Út namme fan de FNP-fraksje, Wopke Veenstra