CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

04 - A - Raadsvoorstel - Ferbetterjen riedskommunikaasje

Informatiecarrousel 5 juni 2025, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Ferbetterjen riedskommunikaasje665 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Riedsútstel Ynformaasjekarrûsel Agindapunt Status Program Eardere behandeling Ferfolch Portefúljehâlder Amtner Taheakke Saak- en stiknûmmer

: : : : : : : : : :

5 juny 2025 4 Ynformearjend/Fergaderstik Programma 0 - Bestuur en ondersteuning Wurkjouwerskommisje 12 maaie 2025 Mieningfoarmjend/Beslútfoarmjend 12 juny 2025, agindapunt 9 Net fan tapassing (it útstel is fan de wurkjouwerskommisje) Geert Andringa 1. Notysje riedskommunikaasje Achtkarspelen 202505227658/25ZG098842

Underwerp Ferbetterjen riedskommunikaasje Wy stelle jo foar 12 juny 2025 te besluten om: 1. Foar de perioade fan twa jier jierliks € 22.500 beskikber te stellen foar de yntinsivearring fan de riedskommunikaasje. Agindearring ynformaasjekarrûsel Dit ûnderwerp is niet agendearre troch de ried, mar stiet ûnder de ‘overige stukken’ op de aginda, sadat ynwenners deroer ynsprekke kinne. Koarte gearfetting De gemeenteried wol mear yn kontakt stean mei de ynwenners fan Achtkarspelen. Yn de ‘Notysje riedskommunikaasje Achtkarspelen’ wurdt in plan presintearre foar it ferbetterjen en yntinsivearjen fan de riedskommunikaasje. Dit foarstel freget om middels foar de útfiering fan dat plan foar (earst) in proefperioade fan twa jier. Ynlieding De ried wol tagonklik wêze foar de ynwenners en harren mear belûke by de beslútfoarming. Dêrom is in notysje opsteld mei in oanpak foar de yntinsivearring fan riedskommunikaasje. Der is ferlet fan nije kanalen, mear fideo, in eigen hússtyl en mear gearwurking mei lokale partijen. Foar in goede ymplemintaasje is finansjele dekking nedich. Foech ried/kolleezje De gemeenteried hat it foech om’t it giet om kaders en budzjet foar kommunikaasje troch de ried sels. Histoarje De gemeenteried jout al jierrenlang ynformaasje fia bygelyks De Feanster en de webside en docht wurkbesites. It ûnderhâld fan sosjale media en it gebrûk fan fideo is lykwols beheind.

Yn 2025 is besletten om te ynvestearjen yn in Debatrijk-lisinsje. Ynformaasjefoarsjenning fia Debatrijk is ek in foarm fan riedskommunikaasje. No is it tiid foar in folgjende stap. Te berikken effekt Mei dit foarstel wolle wy berikke dat de ried oer twa jier sichtberder, tagonkliker en mear werkenber is foar ynwenners, en dat mear ynwenners witte hoe’t se meidwaan kinne.

Ynformaasjekarrûsel Punt Side

: : :

5 juni 2025 4 2

Arguminten 1.1 It past yn besteand belied foar iepenheid en boargerbelutsenheid Dit foarstel jout ynfolling oan it doel fan in transparante, tagonklike en belutsen gemeentlike demokrasy. 1.2 De ried wurdt tagonkliker troch bredere oanwêzichheid Troch it op- en ynsetten fan nije kanalen lykas Facebook, Instagram, LinkedIn en fideo wurdt in gruttere groep ynwenners berikt. Guon fan dizze kanalen kinne ek brûkt wurde om ynformaasje by ús ynwenners op te heljen. 1.3 Ynwenners krije ynsjoch yn it wurk fan de ried Minsken krije útlis oer beslútfoarming en leare riedsleden kennen. Dat makket polityk leechdrompelich. 1.4 It plan set yn op mear partisipaasje Troch aktyf yn te spyljen op ynspraak- en partisipaasjemooglikheden stimulearje wy politike belutsenheid ûnder ynwenners. Alternativen It alternatyf is om troch te gean mei de besteande kommunikaasjemiddels. Dat soarget lykwols net foar ferbettering fan de tagonklikheid en sichtberens fan de ried. Finansjes De yntinsivearring freget nei skatting tusken de € 14.000 en € 32.000 jierliks, ôfhinklik fan de ynfolling. It útstel fan de wurkjouwerskommisje is om € 22.500 per jier beskikber te stellen. Dêrfoar wurdt no in budzjet frege foar twa jier. It giet foarearst om in ynsidintele útjefte. It kolleezje is frege om in sjenswize mar dy jout oan dêr gjin gebrûk fan te meitsjen. Ferfolch De ymplemintaasje duorret heechút trije moannen.

Evaluaasje Dêrnei sil periodyk evaluearre wurde. Nei de proefperioade fan twa jier wurdt besjoen wat it oer de hiele perioade opsmiten hat. Dan beslút de ried oft hy trochsette wol. Bûtenpost, 12 maaie 2025

Út namme fan de wurkjouwerskommisje,

Tjitske Veenstra, foarsitter

Konseptriedsbeslút De ried fan de gemeente Achtkarspelen; Mei it each op it útstel fan de wurkjouwerskommisje fan 12 maaie 2025; Lêzen de notysje riedskommunikaasje; Beslút: 1. Foar de perioade fan twa jier € 22.500 jierliks beskikber te stellen foar de yntinsivearring fan de riedskommunikaasje.

Fêststeld yn de iepenbiere fergadering fan de ried fan de gemeente Achtkarspelen fan 12 juny 2025.

De griffier,

De foarsitter,

G.J. Andringa

J.D. de Vries MSc

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=eb0c93fb-5551-4bcc-a03b-7e60d9ee6652