04 - 03 - Fragen FNP - Ûnfeilichheid op in diel fan de Bjirkewei tusken Wyldekamp en it begraafplak yn Twizelerheide
Tekst van het document
Fragen foar it fragehealoerke fan 19 febrewaris 2026
Underwerp: Ûnfeilichheid op in diel fan de Bjirkewei tusken Wyldekamp en it begraafplak yn Twizelerheide Foarsitter, Op de Bjirkewei yn Twizelerheide, de trochrinnende wei, is in diel dêr’t no in protte gatten yn de wei sitte. Dy ûntsteane alle jierren as it ferzen hat. It gedielte dêr’t it om giet is hjir te sjen: Bron: OpenStreetMap
Dit stik wei is yn de ôfrûne jierren al ferskate kearen op ‘e nij bestraat, mar it probleem komt hieltyd werom. It liket mear op in probleem mei de ûndergrûn as mei de bestrating sels. De gatten yn de wei soargje foar gefaarlike situaasjes foar alle ferkearsdielnimmers. Dêrneist leit dit stik flak foar it begraafplak en rint de roustoet hjir by in begraffenis oerhinne. Jo moatte der net oan tinke dat der op sa'n dei ûngelokken barre. By it kolleezje is al bekend dat dit stik wei der min hinne leit, sjoen de buorden:
Neffens de FNP kin it net sa wêze dat de ynwenners fan Twizelerheide falle trochdat der in gat yn de wei sit. Sjoen it boppesteande hat de FNP-fraksje de folgjende fragen: 1. De Bjirkewei is in belangrike trochrinnende wei dy’t ek brûkt wurdt troch kwetsbere ferkearsdielnimmers lykas fytsers en bromfytsers. Is it kolleezje it mei de FNP iens dat de hjoeddeistige situaasje mei jierliks weromkearende gatten yn de wei net langer ferantwurde is? 2. Is it kolleezje it mei ús iens dat der in duorsume oplossing komme moat en dat it jierliks oplaapjen fan dit stik wei net de bedoeling wêze kin? 3. It liket ús ta dat ien kear goed oanpakke goedkeaper is as elk jier op 'e nij bestrate. Of binne jimme as kolleezje oars fan betinken? Út namme fan de FNP-fraksje, Anne Douwe Bouma