04 - 01 - Fragen FNP - IBA-systemen
Tekst van het document
Fragen foar it fragehealoerke fan 18 desimber 2025
Underwerp: IBA-systemen (yndividuele behanneling ôffalwetter)
Foarsitter, In ferskaat oantal jieren ferlyn binne der by ús yn it bûtengbied fan de gemeente Achtkarspelen in hiel soad IBA-systemen pleatst by huzen en bedriuwen. Dat wie allegearre op frijwillige basis, der wie gjin twang. Wethâlder Pieter van der Veen hat dat doedestiids prima regele foar de gemeente Achtkarspelen yn gearwurking mei Wetterskip Fryslân. Der waard doe in akte tekene dy’t dúdlik oanjoech dat der opstalrjocht festige waard foar de gemeente Achtkarspelen. No docht bliken dat dat by sa’n 50 adressen noait bard is. Der is no in brief nei dy adressen gongen mei it fersyk om dat dochs noch te dwaan. Der wurde 2 mooglikheden oanbean: de minsken kinne in ôfspraak meitsje om te tekenjen op it gemeentehûs of by de notaris op it Fean. Hjiroer hat de FNP-fraksje in oantal fragen: 1. Hoe kin it dat dit net earder opmurken is binnen it gemeentehûs? Eins kinne we wol sprekke oer in grutte flater. Is it kolleezje dat mei de FNP iens? 2. Hoe kin it dat de gemeente dit pas nei safolle jieren opmurken hat? 3. Yn ‘e brief wurdt sein dat de besitters fan IBA-systemen kontakt opnimme kinne mei de gemeente om in ôfspraak te meitsjen foar ûndertekenjen. Is it net gâns better dat de gemeente by de minsken lâns giet om in hantekening? It gemeentehûs en de notaris binne net iepen nei kantoaroeren. Dat kin dus betekenje dat ús ynwenners der frij foar nimme moatte.
It soe moai wêze dat dêr wat foar regele wurdt. 4. Der kinne ek besitters wêze dy’t net tekenje wolle. Wat is dan de bedoeling? Kinne sy dan ek de jierrenlange rioelbelesting weromfoarderje? Al mei al foarsitter, earst hawwe de besitters fan de IBA-systemen jierrenlang te folle rioelbelesting betelle oan it Wetterskip en net alle jild werom krigen en no spilet dit. It docht wol bliken dat we as gemeente hjir en dêr better op ús qui vive wêze moatte.
Út namme fan de FNP-fraksje, Wopke Veenstra