CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

04-01 - Fragen FNP - Boaiemdelgong wingebiet Tytsjerksteradiel

Raadsvergadering Beslút 29 januari 2026, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Vragenhalfuur370 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragehealoerke fan 29 jannewaris 2026

Underwerp: Boaiemdelgong wingebiet Tytsjerksteradiel

Foarsitter, Op snein 25 jannewaris 2026 stie der in artikel op RTV NOF oer de boaiemdelgong yn it wingebiet Tytsjerksteradiel. Der wurdt yn dat artikel sprutsen oer delgong sûnder dat de ynwenners der wat fan fernimme. It Wetterskip, Wetterskip Fryslân, hat dêr noed en soargen oer. Letterlik wurdt der sein dat it Wetterskip alarm slacht. Oer de boaiemdelgong hat de fraksje fan de FNP in tal fragen: 1. Is it kolleezje fan Achtkarspelen op de hichte fan dit grutte probleem? 2. Is der by ús yn de gemeente ek sprake fan ekstra boaiemdelgong en sa ja, hoe lang is dat bekind by it kolleezje? 3. Binne der op dit stuit ek ynwenners fan Achtkarspelen dy’t skea troch boaiemdelgong hawwe? Foarsitter, in skoftsje ferlyn stie der yn de media in stik dat der ôfspraken makke binne oer jild dat mei de winning fan gas terjochte komme sille by de regio’s dêr’t de winning plakfynt. It saneamde Sektorakkoard gaswinning. Dy ôfspraken binne makke mei it Ministearje fan Klimaat en Griene Groei. Dêroer hat de FNP ek in tal fragen: 1. Binne der ek kontakten west oer dy ôfspraken mei de gemeente Achtkarspelen? 2. Hat de oerheid ek kontakten hân mei ynwenners yn it wingebiet? En as dat net it gefal is, wat is de reden dêrfan? 3. It skynt dat der yn de takomst 5% fan de winst nei de gebieten giet. Dy moat dan ynset wurde foar in duorsum doel.

Binne dêr ek ôfspraken oer makke mei de oanbelangjende oerheden? 4. Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe oanjûn dat se leaver wolle dat de gaswinning op lân ophâlde sil. Mocht dat dochs trochgean dan wolle se dat 33% fan de winst nei de regio’s giet. Is dat troch Deputearre Steaten oerlein mei de Fryske gemeenten? 5. As der strak al jilden nei de regio’s geane is it kolleezje dan ek bang dat de oerheid him weromlûkt fan de skeagefallen en sizze sil dat se al jild krigen hawwe? Út namme fan de FNP-fraksje, Wopke Veenstra

Bylagen: 1. Kamerbrief aanvullende afspraken sectorakkoord gaswinning op land 2. Sectorakkoord gaswinning in de energietransitie – hoofdstuk Gaswinning op land

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=48896e7d-ac7d-4149-bf6c-deb27a01afcf