CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

03 - Fragen FNP - Trainingslokaasje hûnesportferieniging ’t Noorden en VDH Kringgroep Oast Fryslân

Raadsvergadering 26 januari 2023, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Vragenhalfuur208 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragehealoerke 26 jannewaris 2023

Underwerp: Trainingslokaasje hûnesportferieniging ’t Noorden en VDH Kringgroep Oast Fryslân Achte kolleezje, Nei oanlieding fan it artikel yn it Frysk Deiblêd fan moandei 22 jannewaris 2023 mei as koptekst ‘Hondentrainers in Kootstertille zijn het verhuizen nu wel zat’, ha wy fragen foar it fragehealoerke. De trainers fan hûnesportferieniging ‘t Noorden en VDH Kringgroep Oast Fryslân hawwe grutte soargen. Noch in wike as 6 en se moatte harren trainingslokaasje yn Koatstertille ferlitte. In neie lokaasje is noch net fûn, en as wy gjin fjild hawwe, hawwe wy einlings gjin ferieniging, seit Lutske de Bruin, hûnegedragskundige en foarsitter fan HSV ‘t Noorden. Wy hawwe as FNP fraksje dan ek de neikommende fragen oan it kolleezje: 1. 2. 3. 4.

Yn it FD stiet dat der yn koarten in petear mei dizze ferieniging is, kloppet dat? It blykt dat der yn Achtkarspelen by Koatstertille in geskikte lokaasje is, kloppet dit? Is it kolleezje ree om mei dizze klup yn petear te gean om ta in goeie oplossing te kommen? Stiet it kolleezje ek positief tsjinoer dizze klup dy ek wol kursussen jaan wol oan ynwenners dy’t mei in pittige hûn sitte en wat hulp brûke kinne?

Ut namme fan de FNP-fraksje, Sake van der Meer

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=d8d4c8c0-c854-49c6-bd9d-c734bdff7d1a