CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

03 - Fragen FNP - Bernesintrum Twizelerheide

Raadsvergadering 19 december 2024, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Vragenhalfuur343 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragen foar it fragenhealoerke fan tongersdei 19 desimber 2024

Underwerp: Bernesintrum Twizelerheide Foarsitter, Om de kontekst fan de fragen te sketsen, nim ik efkes in stap werom yn de tiid. Op 11 april fan dit jier is der in kredyt beskikber steld foar it bouwen fan in bernesintrum yn Twizelerheide. Dit is dien nei’t in útstel om in multyfunksjonele akkommodaasje te bouwen yn it doarp mislearre. Op 5 septimber fan dit jier hawwe wy in wurkbesite hân mei in pear riedsleden yn Twizelerheide om ûnder oare te sjen nei en te praten oer de gymseal. By dizze wurkbesite hawwe wy it ek hân oer in trochrekkening oer de ferskate skenario’s dy’t der binne foar de takomst fan de gymseal. Foarsitter, op 28 novimber is der in brief binnenkaam fan it pleatslik belang fan Twizelerheide, dat harren ôffreget wêrom’t der gjin trochrekkening west hat oer oft de gymseal yn Twizelerheide wol of net op ‘e nij boud wurde kin. Dizze fraach spilet al langer, en neffens it doarp is it no de kâns om dit âlde gebou oan te pakken. De minsken dy’t de gymseal brûke melde problemen mei it ferwaarmjen fan de seal. De projektgroep dy’t dwaande is mei it ûntwerp fan de nije skoalle wol ek graach de gymseal meinimme yn it plan, of, as it echt net oars kin, de hjoeddeistige gymseal yntegrearje yn it nije gebou.

It pleatslik belang freget om ynformaasje oer de eksploitaasje fan de gymseal, mar it liket de FNP-fraksje net de bedoeling dat dit troch oaren as de gemeente útrekkene wurde moat. Sjoen it boppesteande hat de FNP-fraksje de neikommende fragen: 1. Is dizze trochrekkening ek dien troch it kolleezje? 2. Sa ja: wêrom is dizze trochrekkening net kommunisearre? 3. Sa nee: wêrom is dizze trochrekkening net dien? 4. Sa nee: kin dizze trochrekkening noch dien wurde? 5. Sjocht it kolleezje noch kânsen om de nijbou fan de gymseal fuort mei te nimmen mei it bouwen fan it bernesintrum?

Út namme fan de FNP-fraksje, Anne Douwe Bouma

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=fe56ac4a-b07c-4fe7-a287-6be0cf97ce88