02 - Fragen FNP - Bouleezjes Achtkarspelen
Tekst van het document
Fragen foar it fragehealoerke fan 19 desimber 2024
Underwerp: Bouleezjes Achtkarspelen
Foarsitter, Ferline wike haw ik yn it ledeblêd fan Eigen Huis it folgjende lêzen: Hoge uitschieters bouwleges. Vergunningskosten nieuwbouw gemiddeld 40% lager. Gemeentelijke bouwleges voor nieuwbouwwoningen zijn in 2024 gemiddeld met ruim veertig procent afgenomen, blijkt uit onderzoek van vereniging Eigen Huis. Sjoen it boppesteande hat de FNP de folgjende fragen: 1.
By neifraach by Eigen Huis die bliken dat de leezjes yn Achtkarspelen tusken de 11 en 59% heger binne as it lanlike gemiddelde. Kloppet dat?
2.
Koartlyn, yn novimber fan dit jier, binne de leezjes fêststeld yn de ried. Wie it doe net bekend dat wy yn Achtkarspelen sa’n stik heger sieten as it gemiddelde?
3.
Is de wethâlder it mei de FNP-fraksje iens dat as dizze sifers by de ried bekend makke wiene, de ried miskien wolris in oare ôfwaging makke hie?
4.
Is de wethâlder ek fan plan om nochris nei de sifers te sjen as dit allegear kloppet? En wêrom wy as Achtkarspelen sa út de pas rinne mei it lanlike gemiddelde? Ik ha dizze sifers uteraard neifrege by Eigen Huis.
Ut namme fan de FNP-fraksje, Sake van der Meer