01 - Riedsútstel - Beäntwurding fragen FNP - PFAS yn omtoffelaaien (LIS-stuk 24-38)
Tekst van het document
Riedsútstel Lijst Ingekomen Stukken (LIS) Status Program Portefúljehâlder Amtner Taheakke
:
13 febrewaris 204
: : : : :
Informearjend Programma 7 – Folkssûnens en Miljeu Dhr. S.W. Vegelin Dhr. S. van der Meer -
Underwerp Beäntwurding fragen fragehealoere oer PFAS yn omtoffelaaien
Wy stelle jo foar kennis te nimmen fan: De beäntwurding fan de fragen út it fragehealoere fan de riedsgearkomste fan 25 jannewaris 2024 oer PFAS yn omtoffelaaien.
Taljochting Yn it fragehealoere fan de riedsgearkomste fan 25 jannewaris 2024 hat wethâlder Vegelin de tasizzing dien dat it kolleezje skriftlik weromkomt op de fragen fan de FNP-fraksje oer PFAS yn omtoffelaaien. Dêrby docht de wethâlder syn bêst om dat binnen 14 dagen te dwaan. Foar de beäntwurding fan de fragen is de ekspertise fan de GGD ynskeakele. De beäntwurding stiet hjirûnder. 1.
Is it kolleezje op ‘e hichte fan dizze fersmoarging yn aaien troch PFAS? Ja, it kolleezje is dêrfan op ‘e hichte.
2.
Hoe tinkt it kolleezje oer it gefaar en de sûnens fan ynwenners fan Boelensloane en omkriten? It kolleezje nimt de soargen hiel serieus en hat dêrom de ekspertise fan de GGD ynskeakele foar de beäntwurding. De bleatstelling fan in stof is bepalend foar de risiko’s op skealike sûnenseffekten. Yn it gefal fan PFAS fynt bleatstelling benammen plak fia iten, drinkwetter en konsuminteprodukten. As it om iten en drinken giet is der net folle oan te dwaan om bleatstelling oan PFAS foar te kommen. PFAS komt eins oeral yn foar. It is ek net dúdlik wat de oarsaak is fan de ferheging fan PFAS yn omtoffelaaien. Om dy redenen kin it kolleezje, op grûn fan de nijsberjochten oer PFAS yn omtoffelaaien, gjin útspraken dwaan oer it gefaar en de sûnens fan ynwenners fan Boelensloane en omkriten.
3. Is it by it kolleezje bekend wat de gefolgen fan dizze PFAS-fersmoarging wêze kinne? Oer it algemien is bekend dat in oantal PFAS net-winske eigenskippen ha. De stoffen PFOA en PFOS kinne in neidielige ynfloed ha op de leverfunksje en it ymmúmsysteem. Der binne ek oanwizingen dat der effekten binne op de swangerskippen en noch net berne bern (in wat leger bertegewicht). PFOA, PFOS en GenX hearre by de saneamde ‘Zeer Zorgwekkende Stoffen (ZZS)’. Dit betsjut dat de oerheid aktief wurket om se út it miljeu te warren. De eigenskippen en effekten ferskille per specifike PFAS. De iene PFAS ferspriedt him flugger en is skealiker as de oare. Mar oer in protte PFAS is ek noch net folle bekend. Wol is it sa dat PFAS net of amper ôfbrekke yn it miljeu.
Side
:
2
4.
Is it by it kolleezje ek bekend wêr’t dizze PFAS-fersmoarging weikomme kin? Nee, dat is net bekend. Der binne ferskate rûtes wêrtroch’t PFAS yn it miljeu telâne komme kin. Bygelyks troch yndustry, mar ek fia aldendeiske tapassingen lykas blusskom, ferve, pannen en kosmetika.
5.
Is it kolleezje derfan op ‘e hichte dat der yn 2016 al PFAS oantoand is yn iten en dat de konsintraasje doe like heech wie as no, mar dat de maksimaal talitbere konsintraasje ferlege is sûnt 2022? Ja, it kolleezje is derfan op ‘e hichte dat de maksimale talitbere konsinstraasje ferlege is. Dat komt trocht nije ynsichten op grûn fan nije ûndersiken.
6.
Is dizze PFAS-fersmoarging ek in gefaar foar de weidzjende kij/it jongfee yn de greiden? En komt dit dan ek yn de molke en it fleis, wat wer skealik is foar konsumpje? Datselde jildt ek foar iten út ‘e tún. PFAS is eins oeral yn it miljeu oanwêzich en kin dêrom ek yn alle itensprodukten sitte. It algemiene advys is om fariearre te iten.
7.
In oantal gemeenten yn Súd-Hollân hat undersyk dien nei PFAS yn aaien. Kinne wy yn de gemeente Achtkarspelen (eventueel yn grutter ferbân) ek in ûndersyk ferwachtsje? GGD Fryslan advisearret negatyf oer in lokaal ûndersyk. Yn 2023 is de RIVM úteinset mei in grut mearjierrich ûndersyk mei as doel om goed yn byld te krijen hoe’t bleatstelling fan de Nederlânske befolking oan PFAS omleech brocht wurde kin. Dat programma is hieltyd yn ûntwikkeling en mooglike krije omtoffelaaien dêr ek in plak yn. GGD Fryslân folget de lanlike ûndersiken en ek oare ûntwikkelingen fan PFAS.
Buitenpost, 13 februari 2024 Het college van burgemeester en wethouders van Achtkarspelen, secretaris,
burgemeester,
dhr. mr. M.P. de Jong
dhr. mr. O.F. Brouwer