Document · PDF
01 - Fragen FNP - Regiojilden Holwert oan See
Tekst van het document
Fragen foar it fragehealoerke fan 20 juny 2024
Underwerp: foar it projekt Holwert oan See ornearre regiojilden Foarsitter, Sa’t we allegearre wol witte is it Projekt Holwert oan See yn de oarspronklike foarm ‘on hold’ setten. Foar dat projekt wie in hiel soad jild út de Regiodeal tasein. No’t it projekt yn de foarm sa’t it bedoeld wie net trochgiet, is ús fraach: wat bart der no mei dat jild (7 miljoen euro). 1. Kin dit jild no op ‘e nij ferdield wurde foar projekten yn de regio? 2. Is it kolleezje ek mei de oare ANNO-gemeenten dwaande om dêr op yn te setten? 3.
Sjocht it kolleezje ek kânsen om mei dit jild ús regio te fersterkjen?
Út namme fan de FNP-fraksje, Wopke Veenstra