01 - Fragen FNP - PFAS yn omtoffelaaien
Tekst van het document
Fragen foar it fragenhealoerke fan 25 jannewaris 2024
Underwerp: PFAS yn omtoffelaaien Foarsitter, Krekt ferliene (19 jannewaris 2024) wie der yn de media en op it nijs, dat der yn ferskate plakken in Nederlân PFAS fûn/opspoard is yn omtoffelaaien. Ien fan dy plakken is Boelensloane. It hat bliken dien dat PFAS in gefaar opleverje kin foar de folkssûnens. De FNP hat dan ek soargen oer de folkssûnens fan ús befolking yn en om Boelensloane hinne. Dêrom hat de FNP in tal fragen oan it kolleezje oer de fynst fan PFAS yn aaien: 1. Is it kolleezje op ‘e hichte fan dizze fersmoarging yn aaien troch PFAS? 2. Hoe tinkt it kolleezje oer it gefaar en de sûnens fan ynwenners fan Boelensloane en omkriten? 3. Is it by it kolleezje bekend wat de gefolgen fan dizze PFAS-fersmoarging wêze kinne? 4. Is it by it kolleezje ek bekend wêr’t dizze PFAS-fersmoarging weikomme kin? 5. Is it kolleezje derfan op ‘e hichte dat der yn 2016 al PFAS oantoand is yn iten en dat de konsintraasje doe like heech wie as no, mar dat de maksimaal talitbere konsintraasje ferlege is sûnt 2022? 6. Is dizze PFAS-fersmoarging ek in gefaar foar de weidzjende kij/it jongfee yn de greiden? En komt dit dan ek yn de molke en it fleis, wat wer skealik is foar konsumpje? Datselde jildt ek foar iyten út ‘e tún. 7. In oantal gemeenten yn Súd-Hollân hat undersyk dien nei PFAS yn aaien. Kinne wy yn de gemeente Achtkarspelen (eventueel yn grutter ferbân) ek in ûndersyk ferwachtsje?
Út namme fan de FNP-fraksje, Wopke Veenstra