01 - Fragen FNP en GBA - Gaswinning yn gasfjild De Harkema
Tekst van het document
Fragen foar it fragehealoerke fan 19 desimber 2024
Underwerp: Gaswinning gasfjild De Harkema
Foarsitter, Yn De Feanster fan woansdei 4 desimber 2024 stie in sidegrutte advertinsje oer gaswinning yn it gasfjild Harkema. De Nederlandse Aardolie Maatschappij B.V. (NAM) hat op 17 augustus 2023 in wizige winningsplan yntsjinne. De NAM fersiket om ynstimming mei in ferlinging fan de winning fan gas út it gasfjild De Harkema. Sûnt 2010 wint de NAM gas út dat gasfjild. Der stiet noch by dat de maksimale produksje út dit fjild net feroarje sil. Foarsitter, hjiroer hawwe de fraksjes fan it GBA en de FNP in tal fragen: 1. Wêrom is dizze lokaasje doedestiids net oergongen nei Fermilion? Hat dat der mei te meitsjen dat der op dizze winlokaasje noch in hiel soad gas yn de grûn sit? 2. Is de gemeente Achtkarspelen ek fan doel om in sjenswijze yn te tsjinjen tsjin dizze plannen fan de NAM? 3. As der beswier makke wurdt, dogge we dat dan ek yn gearwurking mei Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân? 4. De gemeente Noardeast-Fryslân, de Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân hawwe yn 2019 mei-inoar in ynvestearringsaginda makke oer de regio Ternaard en oanbean oan de Minister fan Ekonomyske Saken. Is it ek mooglik dat de gemeente Achtkarspelen dat docht? It foarbyld dêrfan is der al wol, dus it tsjil is al útfûn. Wa wit kin dit dien wurde mei de ANNO-gemeenten. 5.
Hoe sit it mei de fierdere boaiemdelgong yn dit gebiet? Hoefolle sintimeters is de boaiem al sakke? Wêr kinne ynwenners harren skea melde en wêr kinne ynwenners de rekken dellizze fan de al ûntsteane skea? Foarsitter, dan noch in lêste fraach: 6. Mocht it eventuele beswier/de eventuele sjenswijze gjin kâns fan slagjen hawwe, kinne we dan ek by de NAM in jildlike bydrage freegje? De NAM ús GAS dan wie in ponge mei jild yn Achtkarspelen! Oant safier. Ut namme fan de fraksjes FNP en GBA, Wopke Veenstra en Jacob Hooghiemstra