01 - Bijlage 2 - 21-327 - Beäntw. skr. fragen FNP - Grûnwetteroerlêst Gedempte Vaart en Havenstraat Surhústerfean
Tekst van het document
Beantwoording schriftelijke vragen artikel 47 Reglement van Orde Kenmerk van de vraag Datum indienen vraag Naam vraagsteller Portefeuillehouder Ambtenaar Datum akkoord college Zaaknummer
: : : : : : :
21-26 3 novimber 2021 Hr. IJ. van Kammen Hr. M. de Haan Hr. N. Kappenburg/ Hr. M de Haan 30 november 2021 Z2021-04713
Underwerp Grûnwetteroerlêst Gedempte Vaart en Havenstraat (It Surhústerfean) Ynlieding Yn 2016 hat de gemeente Achtkarspelen in rekonstruksje útfierd fan de Gedempte Vaart en de Havenstraat. Dêrby is ûnder oaren de riolearring ferfongen en in apart reinwettersysteem oanlein. Sûnt die tiid binne der problemen mei wiete kelders en wetter ûnder de flierren. Foar de rekonstruksje hie net ien fan de oanwenjenden der lêst fan. Guon kelders waarden brûkt foar drûge opslach. Nei de rekonstruksje wie it fuortendaliks mis. In protte oanwenjenden hiene wetter ûnder de flier of de kelder healfol mei grûnwetter. Ek binne der in soad gevels mei skuorren en binne der huzen dy’t grouwélich fersakje. Ek is der oerlêst fan ferkear dat oer omheechkommende putten hinne rydt. Nei oanlieding fan dizze oerlêst hawwe de oanwenjenden kontakt mei de gemeente opnommen. De gemeente jout oan net ferantwurdlik te wêzen foar de wetteroerlêst en leit de ferantwurdlikheid by de bewenners sels del. In groep oanwenjenden hat harren ferienige en hat no ien wurdfierder yn dizze kwestje. Der hat troch de jierren hinne in protte korrespondinsje west, mar alle reaksjes op de fragen fan dizze minsken komme op itselde del, de gemeente nimt gjin ferantwurdlikens. We binne no 5 jier fierder en der is noch gjin oplossing yn it sicht.
Neffens de FNP moat der no dúdlikens komme as de oerlêst in gefolch is fan strukturele feroaringen fan de grûnwetterstân troch de ferfanging fan de poreuze riolearringsbuizen troch net poreuze buizen. De FNP hat dêroer dan ek de folgjende fragen: Fragen 1. Kloppet it dat jim fan gemeentewege oanjûn ha, dat nei in jier wachtsjen de problemen fansels oplost wurde sille, sa as wy fan de buert begrepen ha? 2. Hat der foardat der mei it wurk begûn is ek in nul-mjitting plakfûn? 3. Sa nee, wat wie dan de reden om dit net te dwaan? 4. Sa ja, wat wiist de nul-mjitting yn ferliking mei de hjoeddeistige situaasje út? 5. Wêrom is der by de rekonstruksje gjin drainaazje oanlein? Der is yn it gemeentlik riolearringsplan opnommen dat der drainaazje oanlein wurdt as de te ferfangen riolearring in drainearjende wurking hat.
Side
:
2
6. Is it kolleezje it mei ús iens dat wy as gemeente yn dizzen in soarchplicht ha nei de belutsen ynwenners? 7. Is it kolleezje it mei ús iens, dat op grûn fan de gemeentlike soarchplicht, it fan belang is te witten yn hoefier’t de ûntstiene problemen, de gemeente/útfierder oan te rekkenjen binne? 8. Is it kolleezje it dan ek mei ús iens dat it fan belang is om in ûnôfhinklik deskundich buro ûndersyk dwaan te litten nei de oarsaak fan de ûntstiene klachten fan wetteroerlêst en skuorren nei de rekonstruksjewurksumheden Gedempte Vaart en Havenstraat? 9. Kinne wy de tasizzing krije dat it kolleezje dit oppake sil? Reaksje kolleezje 1. Yn 2018 is der troch in tal bewenners fan de Gedempte Vaart melding makke fan grûnwetter yn de kelders fan harren wenningen. De bewenners hawwe oanjûn dat dat foar de rekonstruksje net sa wie. Yn reaksje dêrop binne der in brief en in notysje (sjoch bylagen) oan de bewenners stjoerd mei dêryn útlis oer de wurking fan grûnwetter en de ferantwurdlikheden fan bewenners en oerheden. Yn de brief wurde in tal oarsaken neamd dy’t mooglik foar in heger grûnwetterpeil soargje kinne. Dêr is ek by útlein dat de grûnwetterstân faak tydlik heger is yn grûn dêr’t krekt yn groeven is. Dat komt trochdat de grûnkerrels dan noch net hiel ticht opinoar pakt binne en dan nimt de grûn makliker wetter op. Dy sitewaasje wurdt nei ferrin fan tiid wer better. 2.
Nee, dat is foar de Gedempte Vaart net dien. Wol is der globaal ynsjoch yn de grûnwetterstannen op hichte fan It Surhústerfean. Dy binne te finen yn de bylage fan it Gemeentlik Riolerearringsplan (GRP) bylage 8 (ûndersyk grûnwettersitewaasje). Foar de rekonstruksje binne fan alle wenten oan de Gedempte Vaart en de Havenstraat ek boukundige opnames makke. Dêrmei kin neigien wurde hokker skuorren en gebrekken der al foar de rekonstruksje oanwêzich wienen. 3. Der wie foar it útfieren fan in nul-mjitting gjin oanlieding omdat der gjin oanwizings (meldingen of klachten) wienen oer grûnwetteroerlêst op hichte fan it projektgebiet. Der wiene reedlikerwize ek gjin fermoedens dat der grûnwetteroerlest ûntstean kinne soe. De risikokaart yn bylage 8 fan it GRP klassifisearret it projektgebiet net as in gebiet mei in grutte kâns op grûnwetteroerlêst. Dêrneist is de gemeente yn prinsipe ôfhâldend wat yngripen yn de besteande (natuerlike) grûnwetterstân onbelanget. It ferleegjen fan de grûnwetterstân troch oanlis fan drainaazje kin liede ta grûnwetterûnderlêst yn (ekstreme) perioades fan drûchte en dêrtroch skea feroarsaakje oan fundearrings fan gebouwen en oan beplanting en beammen. Der binne by de tarieding fan de bouwurksumheden wol grûnwetterpeilen mjitten, mar dat is bedoeld as ferkenning foar it bouprojekt.
Mei dy feiten kin in oannimmer ynskatte hoefolle grûnwetter der tydlik fuortpompt wurde moat út de rioelsleuf. Der is ek ûndersocht oft it grûnwetter fersmoarge wie. Dy mjittings binne net mear as in momintopname en kinne net as nul-mjitting brûkt wurde. Dêrfoar moat der langere tiid (by foarkar meardere jierren) metten wurde. 4. Sjoch it antwurd op fraach 3. 5. Yn it Gemeentlik Riolearringsplan is yndied opnommen dat der drainaazje oanlein wurdt by rekonstruksjes as dêrta oanlieding bestiet. Dy saneamde cunetdrainaazje is bedoeld om rûchwei de boppenste meter fan de grûn yn iepenbier gebiet droech te hâlden. Eigners fan perselen kinne dêr dan harren drainaazjelieding op oanslute. Sa’n systeem wurdt net oanlein as de grûnwetterstân fan natuere al rûn of ûnder dat nivo skommelet en dat wie oan de Gedempte Vaart it gefal. Der wurdt trouwens faak tocht dat cunetdrainaazje derfoar soargje kin dat kelders drûch bliuwe, mar dat is in misferstân. Kelderflierren lizze oer it algemien sa’n 2 meter ûnder it meanfjild en dy lizze ek as der cunetdrainaazje tapast wurdt noch hieltyd ûnder de grûnwetterstân. Om grûnwetter yn kelders foar te kommen moatte kelders wetterticht wêze en dat is in wetlike ferantwurdlikheid fan de wenningeigners sels.
Side
:
3
6. Ja, yn de wetter-wetjouwing is fêstlein dat de gemeente in ‘loketfunksje’ hat. Dat betsjut dat de gemeente altyd it earste oansprekpunt is as it om grûnwetter giet. Fan dêrút is de gemeente ferantwurdlik foar it jaan fan ynformaasje, eventueel ûndersyk en, as dat nedich is, it ôfstimmen mei Wetterskip Fryslân of Provinsje Fryslân. De oanpak dêrfan is ek fêstlein yn it Gemeentlik Riolearringsplan. Eigners fan wenningen hawwe sels ek ferantwurdlikheden. Sa moat de eigner fan in wenning, konform de bou-wetjouwing, der sels foar soargje dat in kelder wetterticht is as dy as ferbliuwromte brûkt wurdt. 7. Ja, dêrom is der yn maaie dit jier ûndersyk dien. Yn totaal 18 bewenners hawwe harren fia in mei-inoar ynskeakele advokaat melden by de gemeente yn ferbân mei grûnwetteroerlêst. De gemeente hat dêrnei húsbesiken organisearre en 12 bewenners hawwe dêr gebrûk fan makke. Dêrnei is der in ferslach makke mei in oersjoch fan de problemen dy’t der binne, hokker oplossingen der mooglik binne en wa’t dêrfoar ferantwurdlikheid draacht. De bewenners hawwe dat ferslach fia de advokaat krigen. Dêrnei hat der ek noch in petear mei de wethâlder, de amtlike fertsjintwurdiging en de advokaat west.
Nei dat petear bleau de konklúzje oerein dat de bewenners sels ferantwurdlik binne foar in wettertichte kelder en/of wenning en dat sy sels ek maatregels nimme kinne om oerlêst troch grûnwetter foar te kommen. 8. Ja, it kolleezje is it dêrmei iens. Ut it eachpunt fan de soarchplicht wei hat de gemeente de bewenners foarsjoen fan ynformaasje en is der ûndersyk dien nei de spesifike sitewaasjes yn en rûn de wenningen dêr’t problemen ûnderfûn wurde. De gemeente is ek dúdlik west oer de ferantwurdlikheden dy’t wenningeigners sels hawwe en dat it op harren wei leit om maatregels yn de wenning te nimmen. Dat nimt net wei dat de bewenners harren beneidiele fielen bliuwe troch de feroarings dy’t sy sûnt de rekonstruksje fan de Gedempte Vaart en de Havenstraat ûnderfûn hawwe. Om út dy ympasse te kommen is it kolleezje fan miening dat it goed is om in ûnôfhinklik adviseur nei de problematyk sjen te litten en de bewenners op ‘e hichte te bringen fan de útkomst. 9. Ja, it kolleezje ynformearret de ried oer de útkomsten fan it ûnôfhinklik ûndersyk en de mooglike ferfolchaksjes.
It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen, siktaris,
boargemaster,
hr. mr. M.P. de Jong
hr. mr. O.F. Brouwer