CConstaterende datAchtkarspelen
Koppel je AI →
Document · PDF

0 - Fragen FNP - Natuerûndersyk strak ek by doarpsfeest

Raadsvergadering 4 november 2021, gemeente AchtkarspelenBij agendapunt: Vragenhalfuur377 woorden

Open het PDF bij de gemeente ↗Naar de vergadering →

Tekst van het document

Uit het bestand gehaald, zonder opmaak, tabellen en afbeeldingen

Fragehealoerke 4 novimber 2021 Underwerp: Natuerûndersyk strak ek by doarpsfeest

Yn de Ljouwerter fan 3 novimber 2021 stiet mei grutte letters: NATUERÛNDERSYK MOAT STRAK EK BY DOARPSFEEST Troch dit soarte fan beliedsregels fan de provinsje Fryslân wurd de organisaasje fan bygelyks doarpsfeesten no praktysk ûnmooglik makke. Organisaasjes moatte no 6 moanne yn’t foar ekologysk ûndersyk dwaan nei de gefolgen fan it evenemint op de omjouwing en de bisten. It kolleezje fan Deputearre Steaten sprekt fan in ‘balâns tusken eveneminten en har omjouwing.' De FNP fynt dat elke balâns op dit stuit fier te sykjen is, dat dizze regeljouwing folslein trochslein is en dat it in ierlitting is foar de mienskip en foar de evenemintenbrânzje dy't al hurde klappen krigen hat. Hoe mâl wolle we it mei-elkoar no meitsje? Wêr binne we mei dwaande? Dit komt boppeop it besteande papierwurk dêr’t al hast net trochhinne te kommen is. It nije belied soe ta stân kaam wêze yn gearwurking mei gemeenten, mar sawol de Provinsjale Steaten as de gemeenterieden lykje fan neat te witten. ‘Dit is wer oer alle hollen hinne gien, dêrom kinne wy net oars as dit te agendearjen en dit besykje tsjin te hâlden. Wy fine natuer ek wichtich mar dizze burokrasy giet fierstente fier. Us sympaty leit dêr’t er al jierren leit. By de doarpen, by de organisaasjes, by al dy frijwilligers, by de mienskip.' Foarsitter, as FNP Achtkarspelen ha we hjiroer dan ek de folgjende fragen: 1.

Is it kolleezje op de hichte fan dizze nije regeljouwing? 2. Is ús kolleezje ek oanskood by it oerlis mei de provinsje? 3. Sa ja, hat ús kolleezje goedkarring jûn foar dit nije belied? 4. Sa nee, hoe kin dan neamd wurde dat dit troch de gemeenten goedkard is? 5. Is it kolleezje it no wol of net iens mei dizze regeljouwing ? 6. Wêrom is de ried net meinommen yn sa’n wichtich beslút? 7. Wêrom moat de ried dit út de krante fernimme? 8. Hoe sille frijwilligers neffens it kolleezje ea wer ree wêze om wat te organisearjen? 9. Is der oerlis west mei de organisaasjes en frijwilligers? 10. Sille djoere “professionals” yn de takomst dizze taken fan de doarpen oernimme?

Ut namme fan de FNP-fraksje Achtkarspelen,

IJde van kammen

De tekst is automatisch uit het bestand gehaald en kan afwijken van het origineel (kolommen, tabellen en koppen lopen door elkaar). Het officiële stuk bij de gemeente is leidend. Bron: https://api1.ibabs.eu/publicdownload.aspx?site=Achtkarspelen&id=6f093bd1-4361-4e11-8713-8a67d8d3d91c