0 - Fragen FNP - Houtkap Nijebuorren De Harkema
Tekst van het document
Fragehealoerke 30 juny 2022
Underwerp:
houtkap Nijebourren De Harkema.
Okkerdeis binne op it persiel op De Harkema dêr’t tenniskompleks West hat oan de Nijebuorren, beammen kapt. Wy hawwe begrepen dat dat yn ‘ferbeane tiid’ bard is, dus noch foar 15 july wannear’t it noch briedseizoen foar de fûgels is. Wy begripe hiel goed dat de SWA dêr mei faasje bouwe wol, dêr stiet de FNP ek folslein achter. Mar wy binne wol fan miening dat eltsenien, boarger én gemeente, harren oan de houtkapregels hâlde moat. Dêrom hawwe wy de foljende fragen foar it kolleezje: 1. Is it kolleezje bekend mei de houtkap op dizze lokaasje? 2. Sa ja, is it kolleezje der bekend mei dat dit oangeande de datum fan it ôfrinnen fan it briedseizoen net op in goeie tiid wie? 3. Is it kolleezje mei ús iens dat ek de gemeente Achtkarspelen har oan de regels hâlde moat, krekt as ús boargers? 4. Hoe is de kommunikaasje oangeande dizze kap ferrûn? 5. Hat it kolleezje dizze houtkap ek meld by de FUMO?
Ut namme fan de FNP-fraksje Achtkarspelen,
Wopke Veenstra