Mûnlinge_fragen_CDA_Dantumadiel_Wenplan
Tekst van het document
Mûnlinge fragen CDA Dantumadiel Foarsitter, It CDA hat fragen oer de wize wêrop ús gemeente omgiet mei ynwenners dy't sels ferantwurdlikens nimme foar de takomst fan harren doarp. Yn ús Wenfisy, de Omjouwingsfisy én yn it koälysje-akkoart sprekt de gemeente út dat se romte jaan wol oan inisjativen út de doarpen. Krekt dêrom makket dizze saak ús soargen. Yn Damwâld is in groep ynwenners al mear as twa jier dwaande mei in inisjatyf foar in seniorenhof, mei stipe fan Stichting Knarrenhof. Op fersyk fan de gemeente binne ûndersiken dien, plannen fierder útwurke en binne in protte petearen fierd. Krekt no't de plannen konkreet binne, krije de inisjatyfnimmers te hearren dat der binnen it wenningbouprogramma gjin romte is. Dan ûntstiet de fraach oft de gemeente wol docht wat se sels belooft: meitinke mei inisjativen út de mienskip. 1. Wannear is by de gemeente dúdlik wurden dat der binnen it wenningbouprogramma gjin romte wie foar dit inisjatyf? En wêrom is dat net earder dúdlik kommunisearre oan de inisjatyfnimmers? 2. Yn desimber 2024 waard de lokaasje by de iisbaan noch as serieuze mooglikheid neamd. Hokker nije feiten of beliedsôfwagings hawwe derfoar soarge dat dy mooglikheid no fan tafel is? 3. Hoe ferhâldt dizze gong fan saken him ta de Wenfisy, de Omjouwingsfisy en it koälysje-akkoart, dêr't krekt oproppen wurdt om inisjativen út de doarpen te stimulearjen en te stypjen? 4.
It kolleezje jout oan dat der binnen it wenningbouprogramma gjin romte is. Hokker konkrete mooglikheden sjocht it kolleezje dan wól om de tanimmende fraach nei seniorenwenningen yn Damwâld op koarte termyn yn te foljen? Hokker projekten binne dêrfoar no konkreet yn tarieding? 5. Is it kolleezje ree om mei de inisjatyfnimmers om ’e tafel te gean en aktyf te sykjen nei in alternatyf dat past binnen it wenningbouprogramma? Sa ja, op hokker termyn?
Ofsluting Foarsitter, It giet it CDA net allinnich om dit iene plan. It giet ús om de fraach oft ynwenners dy't de hannen út 'e mouwen stekke, rekkenje kinne op in gemeente dy't dúdlik is, earlik kommunisearret en docht wat se yn har eigen belied en koälysjeakkoart ûnthjit. Want allinnich dan wurdt fertrouwen boud. En allinnich dan sille ynwenners ek yn 'e takomst mei nije plannen foar harren doarp komme.
Hilbrand Visser Fraksjefoarsitter CDA Dantumadiel